Liveblog | 17 april 2020

Coronanijs freed 17 april: noch 20 coronapasjinten op Fryske IC's, plysje slút Ljouwerter kafee

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 17 april 2020, 23:08
freed 17 april 2020
23:01

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 17 april oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Moarn ha we in nij liveblog op www.omropfryslân.nl en de Omrop-app. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze freed:
22:39

Ljouwerter kafee wie iepen

22:31

Krityk op corona-apps

Njoggen IT-spesjalisten dy't de foarstellen foar de corona-apps besjoen ha, uterje foarse krityk op de seleksjeproseduere wêryn't se de apps beoardielje moasten. Der wiene 63 foarstellen foar de apps. Nei in gearkomste waard dat freed werombracht ta sân. Neffens eksperts binne der no apps oerbleaun dy't troch ferskate groepen just ôfkard wiene. Oare foarstellen, dy't wol kânsryk wiene, ha de list net helle.
22:29

'Kliïnten wegerje sels thússoarch'

Thússoarchorganisaasje Het Friese Land werken him totaal net yn it byld dat de Nederlânske Pasjintefederaasje freed nei bûten brocht. Dy melde dat in tredde fan de minsken mei thússoarch of help fan de wykferpleging minder of sels hielendal gjin soarch mear krijt troch de coronakrisis. Se soene benaud wêze it firus op te rinnen.
Bestjoerder Klaas Kuilman fan Het Friese Land fynt de byldfoarming net goed. "De suggestje wurdt wekt of 'skale' wy sels de soarch ôf. Dat is net it gefal. It gebeurt wol dat kliïnten sels oanjouwe: út eangst hoech ik gjin soarch. En wat je ek sjogge is dat in soad minsken no thús binne en sizze: dy soarch kinne wy no sels wol efkes dwaan."
21:56

Rutte: doch iftar thús

Moslims moatte de iftar - it iten yn de ramadan as de sinne ûnder is - thús dwaan. Dat seit premier Rutte. De ramadan begjint takom wike. De iftar is faak mei grutte groepen minsken, mar mei it coronafirus is dat net winsklik, seit Rutte. "Ik vraag alle moslims in Nederland om ook dit moment van de dag thuis met het gezin door te brengen. Het is echt van groot belang. Hoe moeilijk het ook is, houd je ook tijdens de ramadan aan de voorschriften."
In protte moskeeën en maatskiplike organisaasjes fan moslims binne al drok dwaande om minsken dêrop te wizen.
20:28

Riedsgearkomste yn rekôrtiid klear

De gemeente Weststellingwerf hat freed 6 minuten en 48 sekonden dien oer in riedsgearkomste. Njonken boargemaster André van de Nadort wiene der trije riedsleden by de gearkomste. Sy kamen net oan it wurd.
Yn maart hie Noardeast-Fryslân krekt wat langer nedich foar in riedsgearkomste: dy duorre acht minuten.
De riedsgearkomste fan Weststellingwerf © Lourens Looijenga