Spesjalist oer Fryske ferpleechhuzen: "It firus grypt dêr hurd om him hinne"

"Wy hawwe in hiel soad wurk om de situaasje yn de ferpleechhuzen, dêr't it coronafirus oantroffen is, ûnder kontrôle te hâlden. It firus grypt dêr hurd om him hinne." Dat seit spesjalist âldereinsoarch Erica Gerbrandy fan soarchorganisaasje Patyna.
Folgje alles oer it coronafirus yn ús liveblog:
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De Twadde Keamer hat grutte soargen oer de situaasje yn de Nederlânske ferpleechhuzen. It oantal bewenners en personielsleden dat besmet rekket mei it coronafirus, wurdt noch hieltyd grutter.
Neffens Erica Gerbrandy fan Patyna giet it nei omstannichheden reedlik yn de ferpleechhuzen. "Foar no binne der bygelyks genôch beskermingsmiddelen en ek genôch testen. Wy hoopje dat dat sa trochsette sil. Dat liket op dit stuit foldwaande te wêzen."

Soargen oer bewenners en personiel

De soargen fan Gerbrandy lizze lykwols by de bewenners fan de ferpleechhuzen, en by it personiel. Se kin fernimme dat it sluten fan de huzen bot syn útwurking hân hat op dy twa groepen.
"It jout ûnwissichheid en eangst", fertelt Gerbrandy. "It makket in hiel soad los. By de minsken dy't sels besmet binne, dy't it ûnderfine. Dy binne dochs echt wol siik en it giet hjir om kwetsbere minsken. It personiel docht syn bêst, mar is der ek net op taret en al hielendal net oan wend."

"Rinne der hieltyd achteroan"

Wat de oanwêzichheid fan it coronafirus yn in ferpleechhûs sa dreech makket, is dat je der hieltyd achteroan rinne. "Faak sjogge wy dat der folle mear minsken besmet rekke binne, mar dat dy noch net siik binne. Je rinne der hieltyd achteroan. It is hiel dreech om dêr op 'e tiid by te wezen."
Wat it allegear noch dreger makket, is dat de soarchswierte de kliïnt ek bot ferskilt. "Wy hawwe ferskillende soarten minsken", neffens Gerbrandy. "Bygelyks minsken dy't demintearje. Sy begripe it faak net en dat soarget foar in grutte ympakt. Mar ek oare minsken dy't wat better by it ferstân binne, dy wurde nei ferrin fan tiid ek ûnwennich."
Hoelang't se it noch folhâlde kinne, wit de spesjalist âldereinsoarch net. "Wy hoopje dat wy it noch in skoft folhâlde. Dêrfoar moatte wy omtinken ha foar it gefoel en alles wat der libbet by it personiel. Dêr is ek psychologyske stipe foar. Uteinlik giet it om de minsken. Dêr moatte wy alle oandacht foar hâlde."
Erica Gerbrandy fan Patyna