Assistint Martijn Barto bliuwt langer by SC Cambuur

Martijn Barto bliuwt yn elk gefal noch twa seizoenen langer by Sportklup Cambuur. Dat is tongersdei bekend wurden. Barto is sûnt de simmer assistint fan trainer Henk de Jong by de Ljouwerters en bliuwt dat ek de kommende twa jier dwaan.
© Orange Pictures
As Cambuur promovearret, dan komt dêr sels automatysk noch ien seizoen by. Ek fysyk trainer Nicky Boonstra sil de kommende jierren ûnderdiel útmeitsje fan de technyske stêf. Hy hat in kontrakt tekene foar noch trije seizoenen.
"Het is niet makkelijk om in deze tijden beleid te maken voor de lange termijn, maar in deze beide gevallen was de keuze snel gemaakt", ljochtet technysk manager Foeke Booy syn kar ta.