Zorgbelang Fryslân: coronamaatregels soargje foar grutte problemen

16 apr 2020 - 20:45

De maatregels om de fersprieding fan it coronafirus foar te kommen, soargje op in tal terreinen yn de soarch foar grutte problemen. In sinjaalpunt corona fan Zorgbelang Fryslân ynventarisearret dy klachten sûnt in pear wiken en hat de grutste problemen op in rychje set yn in kritysk rapport.

As it giet om de soarch foar bern mei in mearfâldige earnstige beheining jout Zorgbelang sels koade read. "Code rood betekent dat het gaat om een bedreigende situatie en dat er direct hulp nodig is", fertelt direkteur Esther de Vrij fan Zorgbelang.

Dreech te kombinearjen

Benammen âlden dy't der foar keazen hawwe om harren hendikepte bern nei hûs te heljen, bedarje nei ferrin fan tiid yn 'e problemen. Yntinsive mantelsoarch is faak net goed te kombinearjen mei betelle wurk en kostet ek jild. Hjir is noch gjin regeling foar, mar guon húshâldingen hawwe wol op koarte termyn help nedich omdat se it oars net folhâlde, sa seit De Vrij.

It giet faak om âlders dy't der foar keazen hawwe om har bern thús te fersoargjen om te foarkommen dat se har bern langere tiid net sjen kinne soene.

Ek de saneamde 'famyljehûs-âlden' hawwe it swier omdat de bewenners fan dy famyljehuzen no de hiele dei thús binne en thús ek leare moatte of sels eksamen dwaan moatte. Sûnder oanfoljende opfang of stipe is ek dat dreech fol te hâlden. Neffens Zorgbelang is dat goed foar koade oranje.

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Onno Falkena

Zorgbelang hat ek in soad sinjalen krigen fan ferpleechhuzen. Yn trije Fryske ferpleechhuzen binne kwetsbere bewenners ferplichte ferhuze om romte te meitsjen foar spesifike corona-ôfdielingen. Yn kombinaasje mei it kontaktferbod mei bern en fierdere famylje falt dat harren wol hiel swier, sa wit De Vrij. "Sommige van die bewoners zijn verhuisd naar leegstaande afdelingen. Ik vraag me daarom af, waarom de corona-afdelingen daar niet zijn ingericht."

It kontaktferbod of besiteferbod foar bewenners fan ferpleechhuzen sil hieltyd mear ûnderwerp fan diskusje wurde as de coronamaatregels langer duorje, tinkt De Vrij. Yn guon tehuzen is wol dúdlik dat in soad bewenners net mear in soad tiid fan libjen hawwe. It net mear sjen kinne fan bern en pake- en beppesizzers is dan wol in hiel swiere maatregel.

"De vraag is dan of de maatregel niet erger is dan de kwaal", sa seit De Vrij. Sy sjocht ek wol dat it net sa maklik is om de lockdown fan ferpleechhuzen te feroarjen, mar fynt wol dat it sa njonkelytsen tiid wurdt om dêroer te diskusjearjen.

Sinjaalpunt

It sinjaalpunt corona giet de kommende tiid fierder mei it ûndersyk nei de effekten fan de coronamaatregels op ûnderdielen fan de soarch. Zorgbelang Fryslân sit yn dit ramt ek wol wat yn noed oer de 80-plussers dy't selsstannich wenje. Dy binne faak troch de corona-maatregels harren fêste aktiviteiten en kontakten kwytrekke en driigje dêrtroch te feriensumjen.

Zorgbelang wol dêrom ek graach wite hoe't it mei harren giet en wat sy nedich hawwe om troch dizze lestige tiid hinne te kommen. Belje mei Zorgbelang kin op alle wurkdagen moarns.

(advertinsje)
(advertinsje)