'Te betiid om stekker út projekt wetterstofbus te lûken'

16 apr 2020 - 20:01

It is te betiid om de stekker út it projekt mei de wetterstofbus te lûken. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie. De provinsje hâldt op omdat it Finske bedriuw, dat in besteande diselbus geskikt meitsje soe foar wetterstof, jildpine hat.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De ChristenUnie fynt dat lykwols gjin reden om op te hâlden. Der binne fêst mear bedriuwen dy't in diselbus ombouwe kinne, seit de fraksje.

Wetterstof is in belangryk ûnderdiel fan de duorsume enerzjy-mjuks, dêr't de provinsje op ta wol, fynt de ChristenUnie. De partij wol fan Deputearre Steaten opheldering oer de kwestje.

Trefwurden: 
ChristenUnie wetterstofbus
(advertinsje)
(advertinsje)