Fryslân fan boppen: hjir fljocht de drone freed del

17 apr 2020 - 09:00

Fan woansdei 15 april ôf fleane der twa wiken lang op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courante stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûte fan freed.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freget fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle hertferwaarmjende stipebetsjûgingen yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Alde Feanen - De Lemmer

De drone sil freed 17 april de rûte Alde Feanen - De Lemmer fleane. De drone sil tusken 9.00 en 11.00 oere fan Burgum nei Garyp, Earnewâld en Aldegea fleane. In twadde drone fleant fan 9.00 oant 11.00 oere fan De Wylgen nei De Feanhoop, Aldeboarn en Haskerdiken. Fan 11.00 oant 13.00 oere wurdt der flein fan Vegelinsoard nei De Jouwer, Skarsterbrêge en Sint Nyk. Op datselde tiidstip is der in drone te finen op de rûte Ychtenbrêge, Eastersee, Woudagemaal en De Lemmer

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglik ûnferwachtse omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.

Fryslân fan Boppen is in dei letter te sjen op televyzje ûnder de Middei fan Fryslân tusken 14.00 en 16.00 oere en jûns om 21.30 oere in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

(advertinsje)
(advertinsje)