WK shorttrack wurdt dit jier definityf net mear hâlden

16 apr 2020 - 18:31

It útstelde wrâldkampioenskip shorttrack, dat yn earste ynstânsje healweis maart hâlden wurde soe yn it Súd-Koreäanske Seoul, wurdt letter dit jier net mear ynhelle. It ynternasjonale reedrydbûn ISU makke bekend dat it net slagget om it toernoai yn oktober noch te hâlden.

Foto: Orange Pictures

Ek it WK keunstriden yn Montreal is dit jier definityf skrast. Dat toernoai soe fan 16 oant en mei 22 maart hâlden wurde, mar waard ek fanwegen de coronaútbraak útsteld.

Nije seizoen

Ein dizze moanne sil it haadbestjoer fan de ISU de gefolgen foar it nije seizoen beprate. It earstfolgjende WK shorttrack stiet foar maart 2021 yn Rotterdam op it programma.

Trefwurden: 
WK shorttrack coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)