Vitens ropt op om sunich te wêzen mei wetter yn dizze drûge perioade

16 apr 2020 - 18:29

Wetterbedriuw Vitens ropt op om sa sunich mooglik mei wetter te wêzen. Der wurdt folle mear drinkwetter brûkt, omdat in soad minsken thús sitte fanwege de coronakrisis. It wetterbedriuw makket him ek soargen oer de drûchte. De ôfrûne jierren rôp Vitens yn de simmer op om minder wetter te brûken, mar dat bart no al yn april.

Vitens yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Vitens levere yn de earste twa wiken fan dizze moanne in miljard liter drinkwetter mear as ferline jier yn deselde perioade. Ferline moanne waard ek al in miljard liter mear levere as ferline jier. Sokke piken sjocht it bedriuw oars altyd allinnich op waarme simmerdagen.

(advertinsje)
(advertinsje)