Fûle brân yn hok neist wenning yn Sint-Jabik soarget foar soad skea

16 apr 2020 - 17:42

Oan de Neeltie Jansstrjitte yn Sint-Jabik is tongersdeitemiddei in hok neist in wenning hielendal útbaarnd. Neffens de wurdfierder fan 'e brânwacht sloech it fjoer oer nei de wenning, mar koe de wenning rêden wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De brânwacht skaalde op nei it sein 'middel-brân' en gie it fjoer mei meardere brânwachtminsken te liif. It fjoer wie rap ûnder kontrôle, mar de wenning hat wol reek- en brânskea oprûn. De bewenners kinne earst net yn it hûs en Stichting Salvage helpt harren mei it finen fan in tydlik ûnderkommen.

Trefwurden: 
brân Sint-Jabik wenning
(advertinsje)
(advertinsje)