Learlingen dogge nettsjinsteande coronamaatregels eksamen op skoalle

Hoewol't de measte skoallen yn Fryslân har learlingen de lêste skoaleksamens digitaal thús meitsje litte, lit RSG Magister Alvinus yn Snits dochs eksamenkandidaten nei de skoalle sels komme. Bûgden woansdei in 25-tal learlingen har oer it eksamen Management en Organisatie, tongersdei smite sawat 15 learlingen har op it skoaleksamen Grykske taal en letterkunde.
skoaleksamens Magister Alvinus Snits

Protokol

Neffens teamlieder Frits Bus hie de skoalle der ek leaver keazen om alle toetsen by de skoalbern thús ôfwurkje te litten, mar dat is yn guon fakken praktysk hast net mooglik. Wol hat de skoalle wat de hygiëne oanbelanget alle maatregels troffen dy't nedich binne.
RSG Magister Alvinus yn Snits © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sa wurde de learlingen oer trije lokalen ferdield, sadat in ûnderlinge ôfstân fan minimaal oardel meter garandearre is. Boppedat krije alle eineksamenkandidaten dy't nei skoalle komme moatte foar har skoaleksamen, in protokol tastjoerd mei dêryn binende regels, dêr't de bern har absolút oan hâlde moatte.
It skoaleksamen foar 6 VWO © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Doarren iepen

De doarren fan de toetslokalen bliuwe iepenstean. Learlingen wurdt frege de doarren net oan te reitsjen. Yn ien lokaal meie maksimaal seis learlingen sitte. Toetspapier moat lizze bliuwe op tafel en ek it kladpapier bliuwt op tafel lizzen. Fierders wurdt de eksamenkandidaten frege allinnich nei skoalle te kommen en net yn groepkes stean te bliuwen yn it gebou of op it plein.
Jonathan Rinia docht in skoaleksamen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Simmerfakânsje

Foar guon learlingen út 6 VWO is it skoaleksamen Grykske taal en letterkunde as alles goed is harren lêste eksamen. Jonathan Rinia stiet der bygelyks sa goed foar dat er hast net mear sakje kin. "Ik ben nu klaar en heb vakantie. Dat is heel apart en dringt nog niet echt door."
Ek oare learlingen fine it nuver dat se op dizze wize ôfskie nimme fan de middelbere skoalle "It jout op in bepaalde wize sels in wat eng gefoel, sa'n lege en tsjustere skoalle", seit Jurre Wolthuis. "Dat wy no aansten klear binne sûnder feestje en diploma-útrikking fyn ik spitich."