Rjochtsaak: yllegale ferkeap komkommers Hartman net te bewizen

16 apr 2020 - 17:12

It is net te bewizen dat túnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum produkten swart ferkocht hat. Dat hat de rjochter oardiele yn in saak tusken de erfgenamten fan âld-eigener Hartman en de nije eigener dy't it bedriuw trije jier lyn kocht hat.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De nije eigener seit dat der jierrenlang komkommers en paprika's dy't net oan de easken foldiene, swart ferkocht binne. Dêr soe miljoenen mei fertsjinne wêze en dat jild is net nei it bedriuw gien. De nije eigener wol de skea fergoede hawwe dy't dêrtroch ûntstien wêze soe.

Neffens de rjochtbank stiet net fêst dat der swart hannele is. Dat moat de nije eigener earst bewize. En as it al sa is, dan moat ek oantoand wurde watfoar skea dat opsmiten hat en oft de ferstoarne âld-eigener dêr persoanlik foar oanspraaklik is. It bedriuw yn Seisbierrum is ferline jier fallyt ferklearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)