Profesjonele dartkompetysje fanút de wenkeamer: dartbûn komt mei 'Home Tour'

16 apr 2020 - 16:42

In darttoernoai mei ynternasjonale toppers, dy't it fanút harren húskeamers tsjin elkoar opnimme. Mei dat inisjatyf is it ynternasjonale dartbûn PDC kommen yn dizze coronatiden. Fan freedtejûn ôf spylje de bêste darters fan de wrâld dat online-toernoai: de PDC Home Tour.

Foto: Orange Pictures

Fan freed ôf sille de kommende wiken in hiel soad topdarters tsjin elkoar spylje. Elke jûn komme fjouwer profs yn aksje yn in groepsfaze. Sy nimme it tsjin elkoar op en de winners fan elke jûn komme elkoar oan de ein fan it toernoai wer tsjin.

Twa fan de darters by it profesjonele dartbûn komme út Fryslân: Danny Noppert fan De Jouwer en Jan Dekker fan Boalsert. Noppert sil foarearst net meidwaan oan de Home Tour, mar de 29-jierrige Jan Dekker komt sneintejûn as ien fan de earste spilers yn aksje.

Kamera yn de keamer

De darters spylje harren wedstriden thús. Sy moatte dêrfoar in kamera op it dartboerd rjochtsje, soargje foar goeie ferljochting en in kreas dartboerd. Troch yn te beljen op spesjale software, komme se yn kontakt mei harren tsjinstanners.

De wedstriden wurde online útstjoerd en binne foar dartfans oer de hiele wrâld fergees te folgjen. In kommentator sil de wedstriden foar de minsken thús ferslaan.

"Wedstrijdritme opdoen"

"Het is een hele goede kans op de training weer op te pakken", fertelt Jan Dekker. "En om weer wedstrijdritme op te kunnen doen." It darten thús is neffens Dekker, dy't alwer inkelde jierren yn Boalsert wennet, wol hiel oars as op in grut poadium mei telefyzjekamera's. "Het is heel anders. Voor een grote zaal spelen geeft heel veel prikkels en die heb je nu niet. Je moet jezelf stimuleren en scherp maken."

Darter Jan Dekker fan Boalsert hat nocht oan de Home Tour

Benammen it wedstriidritme hâlde is wichtich foar Dekker. De reguliere darttoernoaien lizze al goed in moanne stil. De Boalserter spilet net as folsleine prof; hy hat neist it darten in eigen bedriuw en wurket as finansjeel bemiddeler foar bedriuwen. Dochs hopet hy dat de gewoane toernoaien gau wer úteinsette, ek om't hy sûnt ferline jier wer op syk is nei in nije haadsponsor.

Sneintejûn komt Jan Dekker foar it earst yn aksje op de Home Tour. Hy hat der nocht oan, mar treft inkelde goeie spilers. "In mijn groep zitten Dave Chisnall en Scott Waites. Dat zal pittig worden, maar ik weet wat ik kan en er liggen kansen." Dartfans dy't de wedstriden folgje wolle, kinne dêrfoar terjochte op de webside fan it dartbûn PDC.

Redakteur Mats Gies oer de online-dartkompetysje

Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)