Boeren hoege gjin fergunning foar kij yn 'e greide

16 apr 2020 - 15:36

Boeren dy't har kij yn de greide weidzje litte, hawwe dêr gjin aparte fergunning foar nedich. Dat hawwe de provinsjes tongersdei bekrêftige. De tolve provinsjes fine dat it beweidzjen fan fee ûnderdiel is fan it boerebedriuw.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De provinsjes fine dat it weidzjen al ûnderdiel is fan de fergunning foar stalemisjes. Deputearre Klaas Fokkinga: "Yn Fryslân is it ûntinkber dat boeren foar it weidzjen fan kij in fergunning oanfreegje moatte soene. In ko yn de greide is de gewoanste saak fan de wrâld en dat moat ek sa bliuwe. It is goed dat wy as provinsje dit beslút nommen hawwe."

Ek foar de stikstofemisje soe dizze oanpak geunstich wêze omdat by it op stâl hâlden fan it fee urine en fêste dong by-mekoar reitsje en der sa stikstof frijkomt.

Trefwurden: 
lânbou kij weidzjen
(advertinsje)
(advertinsje)