Nettsjinsteande coronafirus net folle mear stjergefallen yn Fryske soarchynstellings

16 apr 2020 - 14:52

Nettsjinsteande de coronakrisis binne yn Fryske soarchynstellings yn wike 14 (30 maart oant en mei 5 april) net folle mear minsken ferstoarn as begjin dit jier. Dat is de rûzing fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Foto: ANP

It CBS fergelike it melde tal stjergefallen fan wike 14 mei it trochsneed fan de earste tsien wiken fan dit jier. Dêrút docht bliken dat yn Fryslân yn wike 14 yn totaal 1,11 kear safolle deaden fallen binne yn de soarchynstellings.

Dat is in grut ferskil mei lanlik, dêr't dat oantal hast ferdûbele: fan yn trochsneed 797 yn de earste tsien wiken fan it jier nei 1485 yn wike 14.

Like folle stjergefallen yn gewoane húshâldingen

Yn de gewoane húshâldingen waard gjin ferheging yn it tal stjergefallen yn Fryslân sjoen (1,00 kear safolle stjergefallen). Lanlik wie dat wol it gefal, dêr rûn it tal deaden op nei 1,5 kear it trochsneed fan begjin dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)