Histoarysk Sintrum Ljouwert siket guod foar coronatentoanstelling

16 apr 2020 - 13:34

It Histoarysk Sintrum yn Ljouwert (HCL) wol in corona-argyf meitsje. It sintrum hat oant no ta al in soad digitale ynstjoerings as foto's krigen, mar wol ek noch graach fysyk guod ha. "Wy soene graach briefkes of in coronadeiboek ha wolle", seit Klaas Zandberg fan it HCL.

"It binne bysûndere tiden, dy wolle je graach fêstlizze. Dat is ús wurk, de skiednis fan Ljouwert fêstlizze, sadat de neiteam der ek fan genietsje kin", seit Zandberg. "Konkreet wolle wy in tentoanstelling meitsje oer de coronatiid yn Ljouwert."

Der is dus guod nedich, mar neist in protte foto's en filmkes kaam der oant no ta allinnich in mûlkapke binnen. Dêrom wol it HCL graach oar guod lykas coronabriefkes, deiboeken, posters, kaartsjes, ensafuorthinne. De coronamaatregels hoege dêr gjin beheining yn te wêzen seit Zandberg. "Wat yn de postbus dellizze kin altyd."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It HCL hat fotograaf Jacob van Essen op 'en paad stjoerd om it libben yn de stêd fêst te lizzen. Sa kaam hy in pear minsken tsjin dy't yn de tún in jierdei fierden. "Dan tinkst, wat makket dit no spesjaal? Minsken geane gewoan troch mei har libben. It iennige oare wie dat de bekende reade flagge wappere op de eftergrûn."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op de webside is te lêzen hoe't it materiaal stjoerd wurde kin.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by it HCL

(advertinsje)
(advertinsje)