Famylje kin op ôfspraak wer achter in skerm byprate mei bewenners fan Huys ter Swaach

16 apr 2020 - 12:41

Yn fersoargingshûs Huys ter Swaach yn Beetstersweach kin foar it earst sûnt 20 maart de famylje fan de 26 bewenners wer op besite komme. Net yn grutte kloften tagelyk, it giet om besite op ôfspraak yn de spesjaal dêrfoar ynrjochte 'smûke hoeke'. Der is ek in spesjale rûte makke nei dizze romte troch de achterdoar yn it eardere susterhûs fan Lyndenstein.

"Wy ha in rekreaasjeromte yn twaen dield troch middel fan in trochsichtich skerm, in dik doek, dat goed bestân is tsjin skjinmak", seit Johan Blaauw fan Huys ter Swaach. "It is in ôfsletten romte, minsken ha it reservearre. Dan komt der fierder net ien yn en kinne se wer tegearre wêze of mei mearderen." De besite kin fia in spesjale doar yn it tehûs komme.

De romte is troch saakkundigen neisjoen. "De GGD hat op lokaasje west, wy ha ek sjen litten wat ús idee wie en hoe't wy it útfierd ha. Sy hiene noch wat tips en dy ha wy fansels opfolge."

Bewenners binne entûsjast

De bewenners binne bliid dat sy harren famylje no wer ris sjen kinne. "Sy binne entûsjast, dy kinne nei fjouwer of fiif wiken de famylje wer sjen, wer efkes mei-inoar prate."

Johan Blaauw fan Huys ter Swaach

Bewenner Roel Falkena achter it skerm yn de besikersromte - Foto: Omrop Fryslân

Sweachster Roel Falkena ferhuze op 20 maart nei Huys ter Swaach, de dei dat de doarren foar alle besikers ticht giene. Sûnt dy tiid hat er gjin famyljelid mear sjoen, mar allinnich telefoanysk kontakt hân. Falkena is goed te sprekken oer de oplossing dy't Huys ter Swaach betocht hat. "Je kinne de minsken sa goed sjen en ek goed ferstean. Allinnich even knuffelje kin net."

Huys ter Swaach yn Beetstersweach - Foto: Omrop Fryslân

"Foar nije bewenners is de oergong hielendal grut", fynt ek Johan Blaauw. "Earst binne je eigen baas en kinne je ûntfange wa't je wolle, en dan binne je hielendal ôfsnien fan de wrâld yn in frjemd hûs." Huys ter Swaach wol neffens eigen sizzen 'ûnderdiel fan de doarpsmienskip' wêze en is wend dat alle wiken in soad besikers oer de flier komme. Dy situaasje komt foarearst net werom, mar in bytsje besite ûnder begelieding kin no wol wer. De belangstelling foar de besite op ôfspraak is bysûnder grut. Alle beskikbere tiden binne al foar in hiele wike reservearre. Ek Falkena makket folop gebrûk fan dizze nije mooglikheid. Begjin nije wike krijt er wer besite op moandei en op tiisdei.

De aparte yngong nei de besikersromte - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)