Wjirms ynset tsjin ikeprosesjerûp yn Eaststellingwerf

16 apr 2020 - 12:23

De gemeente Eaststellingwerf is fan 'e wike úteinset mei in proef wêrby't de ikeprosesjerûp mei nije biologyske middels bestriden wurdt. It giet om previntive maatregels. De ikeprosesjerûp soarget al jierren foar oerlêst.

Ikeprosesjerûpen by de Alde Trambaan op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By de earste metoade wurde lytse wjirmkes op de boppeste helte fan de beammen spuite. De mikroskopyske wjirmkes krûpe yn de jonge rûpen wêrtroch't dy deagean. By de twadde metoade wurdt in biologysk preparaat yn de beamtoppen spuite.

De nije metoaden binne in útwreiding fan de besteande oanpak. Dêrby wurdt ûnder oare wurke mei nêstkastjes.

(advertinsje)
(advertinsje)