GGD: Wer trije coronastjergefallen, 23 nije positive tests

16 apr 2020 - 12:00

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân trije nije coronastjergefallen meld. Dêrmei binne der yn de provinsje 37 minsken ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Der binne 23 nije positive tests bykaam. Dat betsjut dat fan 400 Friezen bekend is dat se besmet binne mei it coronafirus. Der binne wer tsien minsken yn it sikehûs opnaam.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De sifers lykje stabyl te bliuwen. Dat sjogge se by de GGD ek, neffens Margreet de Graaf fan GGD Fryslân: "We hebben mensen in dienst die daarin gespecialiseerd zijn, dat zijn epidemiologen. Die hebben na een maand geconstateerd dat wij stabiel laag blijven. Er is wel wat oploop, maar we zitten keurig aan onderkant, met andere provincies. Behoudens de veranderingen en eventuele versoepeling van de lockdownmaatregelen zien we dat er een stabiel beeld is bij ons."

Maatregels mooglik ferromme

RIVM-direkteur Jaap van Dissel sei tongersdeitemoarn dat de coronamaatregels yn Fryslân mooglik earder ferrromme wurde. Omdat it tal besmettings yn it Noarden leech is, wurdt der neitocht oer 'regionaal maatwerk'. De Graaf: "Je moet afwegen welke maatregel welk effect gaat hebben. Als je bijvoorbeeld restaurants in Fryslân wel openzet en in Drenthe niet, dan komen mensen bij wijze van spreken in groten getale naar Appelscha. Je moet altijd afwegen wat dat voor effect heeft op de verspreidingsrisico's." Dat moat bepaald wurde troch it Outbreak Management Team.

Ferplegingshûzen

De ôfrûne dagen wurdt hieltyd dúdliker dat de situaasje yn de ferplegingstehûzen hiel slim is. Yn de Twadde Keamer waard ek beneamd dat it stjertesifer ferfiiffâldige is. "Dat beeld is in Fryslân vergelijkbaar. Onze aandacht is daar ook het meest op gericht. In de sterftecijfers zie je ook dat zij de groep zijn die het meeste risico loopt. Samen met alle zorgmedewerkers kijken we heel goed hoe we de mensen daar nog extra kunnen beschermen."

Soarchmeiwurkers

Dat soe betsjutte dat soarchmeiwurkers op grutte skaal test wurde. Dochs docht bliken dat in soad soarchmeiwurkers dy't dat wolle gjin test krije. Net elkenien komt neffens De Graaf yn oanmerking foar in test: "Als je gemist kan worden, dan is het beleid gewoon om thuis uit te zieken. Niet iedere zorgmedewerker vindt dat beleid prettig, dus er zal weerstand zijn tegen de beoordeling van de arts. Maar we gaan niet uit van wat prettig is voor de zorgmedewerker, we gaan uit van wat is belangrijk voor de bescherming van de kwetsbare groep."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)