Coronamaatregels wurde yn Fryslân mooglik earder ferromme

De coronamaatregels wurde yn Fryslân mooglik earder ferromme. RIVM-direkteur Jaap van Dissel sei dat tongersdei tsjin de Twadde Keamer. Omdat it tal besmettings yn it Noarden leech is, wurdt der neitocht oer 'regionaal maatwerk'.
© Shutterstock / Omrop Fryslân
It coronafirus grypt yn Fryslân, Grinslân en Drinte net sa hurd om him hinne. It is sels noch mooglik om by nije besmettings nei te gean wêr't ien besmet rekke is. Dêrom wurdt no neitocht oft yn it Noarden fan it lân earder al ferromming fan de coronamaatregels plakfine kin.

Noed oer hoarekatoerisme

"Regionaal maatwerk wordt zeker overwogen", seit Van Dissel. Hy is wol bang foar hoarekatoerisme en wiist op de kroegen by de Nederlânske grins, dy't fol rekken mei toeristen doe't yn België de hoareka tichtgien wie.
Betingst foar in aparte Noardlike exitstrategy is wol dat foar eltsenien dúdlik is wat wol en net mei. "De communicatie moet helder kunnen zijn, dat is een belangrijk onderdeel van eventueel regiobeleid."