Hûsdokters stjoere fertochte gefallen troch nei coronasintrum by MCL

16 apr 2020 - 11:41

Hûsdokters yn Ljouwert pakke de soarch foar fermoedlike coronpasjinten mienskiplik oan. Dat bart op in aparte sintrale lokaasje yn de buert fan sikehûs MCL. De reden foar dizze oanpak is dat de needsaaklike soarch sa better jûn wurde kin. Boppedat kin der effisjinter omgien wurde mei beskermingsmiddels en personiel.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Hûsdokters ferwize pasjinten troch nei de spesjale lokaasje as sy tinke dat dat nedich is. Minsken kinne der net sels hinne. Pasjinten wurde dêr ek net test. Dat bart net earder as dat se trochferwiisd binne nei it sikehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)