Open Stal giet net troch, beslút naam "mei stien yn de mage"

16 apr 2020 - 11:14

De keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap giet dit jier net troch fanwege de coronakrisis. De organisaasje hat dat besletten mei pine yn it hert en in stien yn de mage, seit dy sels.

Blauwe Stad yn it bosk by Aldeberkeap - Foto: Ronnie Porte

De 49e edysje hie wêze sillen tusken 11 july en 9 augustus. Mar it bestjoer fynt it net ferantwurde om it keunstevenemint te hâlden yn de situaasje dêr't we no yn sitte. De feilichheid fan de hast twahûndert frijwilligers, de tûzenen besikers, de keunstners en de ynwenners fan Aldeberkeap stiet foarop.

(advertinsje)
(advertinsje)