Waadferiening net bliid mei bouplannen foar 20 meter hege Wrâlderfgoedsintrum

16 apr 2020 - 10:13

De gemeenteried fan de Grinzer gemeente Het Hogeland is akkoart gien mei de plannen foar de bou fan in Wrâlderfgoedsintrum yn Lauwerseach. Neffens de partijen is der genôch draachflak en finansjele stipe. Mar net eltsenien is der bliid mei. De Waadferiening is der min oer te sprekken, jout direkteur Lutz Jacobi oan.

Foto: Dorte Mandrup

It nije ynformaasjesintrum oer de Waadsee moat 20 meter heech wurde en 8.000 m2 beslaan, der komt hoareka, in ynstitút foar ynformaasje, en ek it Zeehondencentrum fan Pieterburen moat der nei ta ferhûzje. It gebiet is UNESCO wrâlderfgoed. Net alle partijen binne like posityf oer de plannen, neffens guon is it proses somtiden wat rommelich gien.

Soad gedoch oer hichte

Yn 2018 is de bou al ris útsteld troch de doetiidske gemeente De Marne. Natuerorganisaasjes, omwenners en ûndernimmers wiene doe al tsjin de hichte fan it plan, doe moast it pân 30 meter heech wurde. Mar ek no't it gebou 20 meter heech wurde soe, binne der natuerorganisaasjes tsjin it plan.

"It is hielendal net nedich om sa heech te bouwen", seit direkteur fan de Waadferiening Lutz Jacobi. "Wêrom moat dat sa idioat heech? It moat 'zogenaamd' ikonaysk, meitsje it mar ikoanysk yn de ynhâld."

'Mear ûndersyk en edukaasje'

Ek oer it gebrûk fan it gebou binne de partijen it noch net iens. "Wy soene it moai fine at der in hiel protte - lykas ûndersyk en edukaasje - by komme soe, mar dat is op heden noch flintertin", seit Jacobi.

Ynkoarten wurdt it ûntwerp fan it Wrâlderfgoedsintrum ferwachte, dan moat dúdlik wurde hoe't alles der krekt út komt te sjen. It projekt moat 25 miljoen euro kostje.

Lutz Jacobi oer it nije plan

(advertinsje)
(advertinsje)