Studinten ferpleechkunde wolle wer oan de slach: "Ze zijn het zat dat ze thuis moeten zitten"

16 apr 2020 - 08:58

Studinten ferpleechkunde rinne fertraging op om't se op dit stuit net staazje rinne kinne. Troch it coronafirus is alles oars yn de soarchsektor. Yn sikehuzen binne minder 'gewoane' pasjinten, studinten kinne net alles leare wat se foar de oplieding nedich hawwe. Hegeskoalle NHL Stenden hopet dêr wat oan te dwaan mei it projekt Nurse Force, oftewol "suster-krêft."

Foto: Shutterstock.com (Kues)

It tal staazjeplakken is troch de coronakrisis hurd weromrûn, fertelt dosint ferpleechkunde Hans van Buren. "We hebben wat terugloop van het aantal patiënten en sommige studenten kunnen gewoon niet stagelopen op de plekken waar zij geplaatst waren."

Yn stee fan de normale plakken, sille sy no staazje rinne by thússoarchorganisaasjes. "Mijn studenten kunnen de collega's die daar zitten ondersteunen en zo hun stage behalen." Oars as oars, mar de studinten leare dêr ek wer fan, seit Van Buren. "Het is aanpassen, dat is ook een beetje inspelen op de behoefte, wat de studenten ook goed moeten leren."

Studinten wolle wer oan de slach

De studinten binne net bang dat se mooglik pasjinten helpe moatte dy't corona ha. "Ik kan me voorstellen dat je daar wel angstig voor kan zijn, maar mijn studenten vragen daar nauwelijks naar", sa seit Van Buren. Sy ha just sin om wer oan de slach te kinnen.

"Ze zijn het best wel zat dat ze al zo'n poos thuis moeten zitten, die willen gewoon wat doen, actie! Ze willen laten zien wat ze kunnen. Ze hebben al zo lang stilgezeten, die moeten gewoon weer aan het bed. Met patiënten praten en hen ondersteunen."

Dosint Hans van Buren oer Nurse Force

(advertinsje)
(advertinsje)