Yn maart mear útkearings yn Fryslân fanwegen corona

16 apr 2020 - 08:57

De wurkleazens yn Fryslân is yn maart, krekt as yn de rest fan Nederlân, flink omheech gien. Dat meldt it UWV. Benammen útstjoerkrêften, winkelpersoniel en sjauffeurs hawwe in WW-útkearing oanfrege. De hoareka, kultuer, detailhannel non-food en transport lizze stil. Dizze sektoaren wurde hurd troffen troch it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Yn Fryslân naam yn maart it tal WW-útkearings mei 35 persint ta yn fergelyk mei febrewaris. De jierren hjirfoar wie der krekt in delgong fan it oantal útkearings yn dizze perioade. Yn 2019 wie it tal útkearings yn maart 21 persint leger as yn febrewaris fan dat jier.

Yn de hoareka, by útstjoerburo's en yn de kultuersektor binne it benammen jongeren dy't harren wurk ferlieze. Yn de soarch en wolwêzensektor naam de wurkgelegenheid ta. Ek yn de bou liket der mear wurk te wêzen.

Sifers

Ein maart telde Fryslân 10.684 WW-útkearings. Dat is 3,2 persint fan de beropsbefolking. Yn maart kamen der 323 útkearings by (3,1 persint) yn fergelyk mei febrewaris. Dochs leit it tal utkearings noch 599 leger as deselde moanne ferline jier.

Trefwurden: 
UWV útkearing coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)