Kollum: "Nut"

16 apr 2020 - 08:48

"Saakkundigen warskôgje dat de coronakrisis liede kin ta eangst en depresje, skriuwt it Algemeen Dagblad. 'Thuisisolatie kan leiden tot doemdenken, slapeloosheid, gepieker en een kort lontje', sa sei neurowittenskipper Judith van Leeuwen. As stresssituaasjes koart duorje dan genêze minsken wol, mar oft dat ek bart by in krisis dy't moannen duorret, witte we net, seit se. Dus soks kin wolris permanint wêze.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It ûndersyk nei coronastress, dêr't dit út komt, rint noch. Ik folje 'm even yn. Earst wat fragen oer myn leeftiid en wêr't ik wenje. Dan freegje se hoefolle jier ûnderwiis ik ôfrûne ha, fan basisskoalle oant en mei universiteit. Dat is even skrikke, want troch wat omswalkings en in ekstra ferfolchstúdzje, kom ik op 21. Ik begjin wat stress te fielen.

Dan fragen oer myn berop en of ik yn leantsjinst bin. Myn wurk falt yn 'e kategory 'Kunst, amusement, sport en media' - ik fiel in kramp opkommen by dizze samling. De oare kategoryen binne saken as 'bou', 'militêr', 'yndustry', 'sûnenssoarch' - ik wit noch hiel goed hoe't de keunstsektor fuortsetten waard as yrrelevant by de besunigings troch VVD'er Halbe Zijlstra yn 2011. Ik krij stress fan it idee dat myn wurk no wer sa sjoen wurde kin, mei sa'n kategorisearring. Minister Van Engelshoven fan dizze kategory, OCW, seit op NU.nl dat se de 'omzetderving' fan de kultuersektor net oplosse kin, en de minsken yn dizze sektor feitlik stikke lit. Ik krij hjir stress fan.

'Wat is uw geschatte gemiddelde jaarlijkse gezinsinkomen?' - ja, it koe minder, mar wat binne der in protte ynkommenskategoryen dy't heger binne as dy fan my. Ik freegje my wolris ôf wêr't minsken dy kasten fan huzen en dy auto's fan in ton fan betelje kinne, mar dêr binne gewoan ynkommenskategoryen foar. It komfort fan sa'n ynkommen kin ik my net iens foarstelle, lit stean dat minsken dy't nei itensbanken gean dat kinne. Se foarspelle in krimp fan 'e ekonomy fan 7,5%. Yn myn kategory sil dat wol tolve kear safolle wurde. As je dêr gjin stress fan krije, dan wit ik it ek net mear.

Oft ik posityf testen bin op corona. Ja, nee. Der binne gjin testen. Dat is no just ûnderdiel fan de hiele stress. Yn 'e wike foar de 'intelligente lock down', hie ik stikmannich putsje op grutte gearkomsten, wêrûnder it Boekenbal. As ferslachjouwer ynterviewde ik dêr minsken, en ien dêr fan liet even dêrnei witte dat hy nei alle gedachten corona hie. En ik waard flink ferkâlden, in wike letter. Mar: we binne net testen. We witte it dus net. Stress!

Dêrnei folgje fragen oer myn miening, sa as wat ik fyn fan 'e maatregels fan de autoriteiten om de fersprieding yn te perken. En folgje ik de rigels op. Of ik goed sliepe kin - ja, ik kin goed sliepe, omdat de takkeherry dy't de klimaatynstallaasje fan it hotel njonken myn hûs no út stiet. It hotel is ticht. Mar dat freegje se net yn 'e enkête, en dêr krij ik stress fan: sa kloppet de útkomst fansels net. Want 'heeft u zich kunnen concentreren op wat u doet' - nee, want ik mei dan goed sliepe, it feit dat de trammen hjir troch de strjitte skowe mei krekt 1 passazjier, is sa spûkeftich dat ik dêr wol even mei dwaande bin as it bart.

'Heeft u het gevoel gehad dat u een nuttige rol speelde in dingen?' - dingen? Wat binnen dingen? Mar oer it algemien: nee. In kennis fan my docht wittenskiplik ûndersyk nei de gefolgen fan elke exit-strategy; in oare kennis is dokter en hat it as firolooch no smoardrok; en wer in oare kennis wurket as militêr yn in koördinaasjesintrum yn Den Haag. In nuttige rol yn dingen? Ik skriuw stikjes, ik meitsje podcasts en tink nei oer in radioferhaal dat hielendal neat mei corona te krijen hat. Wa fielt himsels op it stuit nuttich, neist sokke minsken, yn dizze wrâld, wêr't oaren dwaande binne mei libben en dea. Je moatte dochs wol in alderferskuorrendst grut boerd foar de harsens ha, as je jo eigen 'nut' yn dizze dagen net relativearje.

Ik bin op noch gjin tweintich prosint fan dizze enkête. Fraach 37: 'beschouwde u uzelf als een waardeloos persoon' - yn 'e folsleine notiid. Ik krij fan dizze test allinnich al eangst en depresje, mei in minderweardichheidskompleks en in eksistinsjele krisis der op ta. En dan is de dei noch mar amper begûn. Hâld fol, minsken."

(advertinsje)
(advertinsje)