16 april: de slach om de kop fan de Ofslútdyk en Waadeilannen moatte lang wachtsje

16 apr 2020 - 08:21

Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikels steane wy dêr by stil. Diel fiif: de slach om de kop fan de Ofslútdyk en it lange wachtsjen op de Waadeilannen.

In yn 1945 arrestearre 'moffenmeid' yn Harns - Foto: Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)

"Hè, gelukkig; het was dus toch geen droom. Zo is het inderdaad; pas vandaag beginnen we eigenlijk te beseffen, dat we van een nachtmerrie van vijf jaar (!) bevrijd zijn. Het is nog ongelooflijk, dat je maar weer lopen waar je wilt (ik heb waarlijk ruimtevrees als ik buiten kom), dat je kunt zeggen wat je wilt." Keimpe Sikkema kin syn gelok net op as er 16 april yn syn oarlochsdeiboek skriuwt, de dei nei de befrijing fan Ljouwert.

Hoewol't de Kanadezen op 15 april in hiele grutte slach slein ha yn de provinsje, binne der noch altyd plakken ûnder hearskippij fan de Dútsers. En om guon fan dy plakken wurdt ek no, op it nipperke foar de kapitulaasje, noch in heftige striid levere. It is in hiele toer om it lêste stik Fryslân foar de Ofslútdyk yn hannen te krijen.

Djippe wûnen yn Harns: 'één vlammenzee'

Sa rint Harns djippe wûnen op om't de ûngefear 500 Dútsers dy't dêr achterbleaun binne noch efkes frij spul ha. De Kanadezen binne de dei derfoar lang om let net fierder kaam as Frjentsjer en dêr meitsje de oerbleaune besetters goed misbrûk fan.

Brêgen wurde ferneatige en mear as 15 boaten wurde ta sinken brocht. Moarns berikke de Kanadezen Mullum, krekt bûten Harns. En út Hjerbeam wei sette se oan it begjin fan de jûn útein mei in drastyske metoade: Harns bestoke mei artilleryfjoer oant de Dútsers murf binne en dan pas binnenlûke. "Het was één vlammenzee", ferklearret in Harnzer brânwachtman letter.

Letter op de jûn lûke de Kanadezen dan eindlik de havenstêd yn en om middernacht hinne is de stêd yn hannen fan de befrijers. Se treffe der talleaze dronken Dútsers oan en de oare moarn binne der noch hieltyd Dútsers dy't wjerstân biede.

As rotten yn de fal by De Lemmer

By De Lemmer lûke op de 16e april 2,000 Dútsers as rotten yn de fal rjochting de Sudersee. Se wolle ûntsnappe nei Noard-Hollân, mar de Kanadezen stekke hjir in stokje foar mei tanks en swier geskut.

Underwilens wurdt de dyk fan De Jouwer nei De Lemmer by Skarsterbrêge fûl ferdigene troch Dútske soldaten, mar as se njoggen soldaten ferlern ha, jouwe se Skarsterbrêge op. Yn de rin fan de dei is it de measte Dútsers út de regio dochs slagge om by harren kammeraten yn 'Holland' te kommen.

Foar De Lemmer sels is dat goed nijs: hjirtroch hoe't it plak net lykas Harns oan grom bombardearre te wurden. Mar der komt wol geweld by te sjen: 23 oere wurdt it Dútske munysjedepot rekke. Nachts om 5 oere liket it dan wat rêstiger te wurden en kinne se de Kanadezen ûntfange. De befrijing kostet úteinlik Lemsters it libben.

Boalserters op in Kanadeeske wein mei de befrijing - Foto: Jacob Stienstra (Tresoar, Fries Fotoarchief)

Sûkelade, sigaretten en in praatsje yn Boalsert

Yn Boalsert giet it der gemoedliker oan ta. De Dútsers binne dêr al fuortlutsen en it wachtsjen is noch op de Kanadezen út Snits. De 16-jierrige To Hofstra fan Snits skriuwt moarns 16 april yn har deiboek: "Vanmorgen vroeg is het rossen en rijden begonnen. Ellenlange files komen vanaf de kade en gaan richting Bolsward. Het gejuich is niet van de lucht."

Op nei Koudum

Nei Boalsert is it op nei Koudum. Dêr binne de Binnenlandse Strijdkrachten dy dei drok dwaande NSB'ers op te pakken. Dy wurde ôffierd nei plysjesellen.

De oare moarn komme de Kanadezen it doarp binnenriden en in 'hongertrekker' út Wageningen dy't yn Koudum ferbliuwt, omskriuwt dat as in ûntspannen barren: "Ze zetten hun voertuigen neer om een weilandje bij het centrum en gedroegen zich tamelijk ontspannen. Ze deelden chocola en sigaretten uit en babbelden met de dorpsbewoners."

Penjum is stikken bombardearre - Foto: Tresoar

In drege lêste striid foar de Ofslútdyk

Mar dan komt it derop oan: de lêste heale sirkel foar de Ofslútdyk, Penjum, Wûns en Makkum moatte ferovere wurde. In grutte groep Dútsers is efterbleaun yn Penjum. It binne skerpskutters en mitrailleursnêsten, mei it doel om de Kanadezen safolle mooglik te fertragen.

De Kanadezen kinne neat oars as groffe maatregels nimme, lykas by Harns: bombardearje mei artillery en mortieren. Dat set útein op moandeitejûn 16 april om 19.30 oere en duorret oant let yn de middei fan 17 april.

In het dorp heerst na het inferno de chaos.

Wybren Bruinsma

Penjum leit der skansearre by en om 15:30 oere hinne wurdt mei in wite lape wiuwd. Mar as we dizze dagen ien ding leard hawwe, is it dat de Dútsers harren by lange nei net oan de oarlochsmoares holden. Twa Kanadezen rinne op de Dútsers ta en wurde delsketten. Ferwûne falle se del. Unútsteanber fansels, dizze aksjes, en de bataljonskommandat jout it sein om de definitive oanfal yn te setten om 17:00 oere.

Mei fjoerdekking komme de earste Kanadezen 21:30 oere it doarp binnen, nimme de besetters finzen en sûnderje de SS-ers fan de rest ôf. Seis boargers fine de dea yn dizze striid.

Penjum is frij, mar tsjin in hege priis: it doarp leit der mâl by. Sa'n 800 granaten moatte delkaam wêze yn it doarp. Ynwenner Wybren Bruinsma omskriuwt wat er sjocht: "In het dorp heerst na het inferno de chaos: dode paarden, koeien, geiten, gesneuvelde soldaten ( ) koppelriemen met de aanmatigende tekst "Gott mit uns" op de gesp; (...) een nog brandend dorp stinkend naar buskruit, waarin loeiende niet gemolken koeien her en der lopen en loslopende paarden met de oren plat op de kop door de straten galopperen."

(advertinsje)
(advertinsje)