Ekstra stipe út Iepen Mienskipsfûns foar lytse inisjativen

Provinsje Fryslân besiket doarpsmienskippen te stypjen yn in tiid fan corona. Der is besletten dat ek lytse inisjativen in berop dwaan kinne op it jild út it Iepen Mienskipsfûns, dat meastentiids foar gruttere leefberensprojekten bedoeld is. De provinsje wol ek doarpshuzen en wyksintra helpe troch derfoar te lobbyen dat sy profitearje kinne fan de lanlike temjittekomming foar coronaferlies.
Doarpshûs De Bult yn Teridzert © Omrop Fryslân, René Koster
De betingsten foar it Iepen Mienskipsfûns binne oanpast foar lytse inisjativen foar de leefberens en foar it tsjingean fan iensumens. Foar elts inisjatyf is der maksimaal 500 euro beskikber. Dat kin bygelyks útjûn wurde oan it útdielen fan blommen yn in wyk of foar it organisearjen fan in muzykmiddei yn de tún fan in âldereinhûs.

Lobby

In soad doarpshuzen en wyksintra komme troch de coronakrisis yn 'e knipe. De kompleksen moatte ticht bliuwe, wêrtroch't der der gjin ynkomsten binne út bygelyks ferhier en hoareka. Doarpshuzen kinne lykwols gjin gebrûk meitsje fan de kompensaasjeregeling 'Tegemoetkoming schade COVID-19'. De provinsje stipet dêrom ek de lobby fan de Landelijke vereniging voor Kleine Kernen (LvKK) en de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG) om doarpshuzen en wyksintra ta te litten ta de kompensaasjeregeling 'Tegemoetkoming schade COVID-19'.
"Wy hawwe as provinsje in brief stjoerd nei minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en de Rijksdienst voor Ondermenend Nederland. Dat dogge we om tegearre in sinjaal ôf te jaan dat sy ek opnaam wurde moatte yn de stipemaatregels", seit deputearre Klaas Fokkinga.
Deputearre Klaas Fokkinga
"Doarpshuzen, wykgebouwen en oare sosjale foarsjennings ha likegoed te krijen mei de coronakrisis en dêrom ha wy sein dat we hjir gewoan aksje op ûndernimme moatte. De doarpswurken binne no oan it ynventarisearjen hoe't se derfoar stean. Dat wurdt mei ús kommunisearre en dan sille we op termyn sjen wat wy tegearre mei gemeenten dwaan kinne om doarpshuzen dochs yn 'e mjitte te kommen."