Hoe moat de 'oardelmeterekonomy' ynfolling krije?

16 apr 2020 - 06:59

Alle sektoaren yn Nederlân moatte in plan opstelle foar de 'oardelmeterekonomy'. Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken stelt dat sa'n protokol in betingst is om op termyn wer yn bedriuw te kinnen. Mar hoe dogge je dat? Geesje Duursma fan hoarekasaak De Pleats yn Burgum frege it har meiwurkers.

De Pleats yn Burgum - Foto: Wikimedia Commons

Sa kaam in stazjêre mei it idee om in ferhege dyk oer it terras te meitsjen, dêr't dan oan beide kanten minsken sitte kinne. Dêrneist soe it ek bêst mooglik wêze dat we yn de takomst mear mielen ôfhelje as dat we foar de coronakrisis dienen. Dan soe in grutte ôfhelbar ek in goed idee wêze.

Duursma en dy hienen plannen om fan it simmer de keuken te ferbouwen. Dat soe yn de boufak wêze, mar dy plannen ha se nei foaren helle. De keuken is der no al útsloopt en sil in stik grutter wurde. Oardel meter ôfstân hâlde yn de keuken moat dan kinne. Duursma tinkt dat it wurkjen ien fan de grutste útdagings wurdt, want hoe moat it personiel gearwurkje as se ôfstân hâlde moatte?

Oprop op Facebook

Duursma wie ek benijd hoe't de besikers fan har restaurant in jûntsje út iten yn de takomst sjogge. Se die in oprop op Facebook. "Dêr kamen in hiel soad moaie ideeën út, mar it wurdt wol in hiele toer. It rendemint is fansels in grut probleem. Dêrneist giet it ek om geselligens en moat it personiel ek op oardel meter wurkje." In oplossing dêr't Duursma oer neitinkt, is dat it personiel it iten op karkes by de gasten delbringt en dat sy it dêr sels ôf pakke.

Rekkensom

Genôch ideeën dus, mar it bliuwt in rekkensom foar bedriuwen dy't wol wer iepen kinne. "Dy rekkensom sil eins meast sa útfalle dat it better is om ticht te bliuwen." Duursma tinkt dat guon bedriuwen dêr ek wol foar kieze sille. De Pleats giet neffens har lykwols gewoan wer iepen. "Der komme in kear wer oare tiden. Mar alle omset dy't no net makke is, komt net wer werom."

Geesje Duursma fan De Pleats yn Burgum

Trefwurden: 
Burgum De Pleats coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)