Coronanijs 16 april: 22 pasjinten op Fryske IC's; 37 minsken ferstoarn

16 apr 2020 - 22:30

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne der yn totaal 37 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 400 minsken binne posityf test.
  • Premier Rutte wol noch net foarút rinne op in ferromming fan de maatregels tsjin it coronafirus, mar seit wol dat it lân nei in 'oergongsfaze' ta wurket.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tongersdei 16 april oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Freed binne wy der wer mei in nij liveblog op www.omropfryslân.nl en de Omrop-app. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze tongersdei:

  • Spesjalist oer Fryske ferpleechhuzen: "It firus grypt dêr hurd om him hinne";
  • Wer trije coronastjergefallen yn Fryslân, 23 nije positive tests;
  • Zorgbelang Fryslân: coronamaatregels soargje foar grutte problemen;
  • Der lizze 22 pasjinten op Fryske intensive cares, en 43 persoanen bûten de IC's.
21:42
Spesjalist oer Fryske ferpleechhuzen: "It firus grypt dêr hurd om him hinne"

"Wy hawwe in hiel soad wurk om de situaasje yn de ferpleechhuzen, dêr't it coronafirus oantroffen is, ûnder kontrôle te hâlden. It firus grypt dêr hurd om him hinne." Dat seit spesjalist âldereinsoarch Erica Gerbrandy fan soarchorganisaasje Patyna. De Twadde Keamer hat grutte soargen oer de situaasje yn de Nederlânske ferpleechhuzen. It oantal bewenners en personielsleden dat besmet rekket mei it coronafirus, wurdt noch hieltyd grutter.

Erica Gerbrandy fan Patyna

21:20
COVID-19 pasjinten op de IC’s
20:56
Zorgbelang Fryslân: coronamaatregels soargje foar grutte problemen

De maatregels om de fersprieding fan it coronafirus foar te kommen, soargje op in tal terreinen yn de soarch foar grutte problemen. In sinjaalpunt corona fan Zorgbelang Fryslân ynventarisearret dy klachten sûnt in pear wiken en hat de grutste problemen op in rychje set yn in kritysk rapport.

19:33
Fideodeiboek: "Soms moet ik huilen als ik denk dat mijn vriendinnen of ouders corona krijgen"

Foar de rige 'Berjochten út it hert' makket de famylje Lont fideodeiboeken fan wat harren dwaande hâldt yn de coronakrisis. Yn de nije vlog freget mem Anyka oan de bern wat se fan corona fine.

Foto: Omrop Fryslân
18:50
"Mûlkapkes hoege net"

In mûlekapke foar hawwe is net needsaaklik om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Dat fynt mikrobiolooch Anne Marie van Elsacker fan it Ljouwerter laboratorium Izore. Se reagearret op de oprop fan Keamerleden om dat yn te fieren, krekt as yn Dútslân en België. Van Elsacker sjocht mer heil yn de maatregels sa't dy advisearre wurde troch it RIVM: thúsbliuwe by lichte klachten en genôch ôfstân hâlde fan oare minsken.

Anne Marie van Elsacker, Izore

18:09
22 pasjinten op Fryske intensive cares; 43 persoanen bûten de IC's

Der lizze op dit stuit noch 22 pasjinten op de Fryske intensive cares. Dat binne der fjouwer minder as yn de sifers fan woansdei, doe't der 26 minsken op de Fryske IC's leine. Der binne noch 43 pasjinten dy't bûten de IC's yn it sikehûs lizze. Dat binne der 6 minder as woansdei. It giet om minsken dy't posityf test binne op it coronafirus, of dy't it firus nei alle gedachten hawwe.

17:40
Learlingen dogge nettsjinsteande coronamaatregels eksamen op skoalle

Hoewol't de measte skoallen yn Fryslân har learlingen de lêste skoaleksamens digitaal thús meitsje litte, lit RSG Magister Alvinus yn Snits dochs eksamenkandidaten nei de skoalle sels komme. Bûgden woansdei in 25-tal learlingen har oer it eksamen Management en Organisatie, tongersdei smite sawat 15 learlingen har op it skoaleksamen Grykske taal en letterkunde.

Jonathan Rinia docht in skoaleksamen - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
17:01
Profesjonele dartkompetysje fanút de wenkeamer: dartbûn komt mei 'Home Tour'

In darttoernoai mei ynternasjonale toppers, dy't it fanút harren húskeamers tsjin elkoar opnimme. Mei dat inisjatyf is it ynternasjonale dartbûn PDC kommen yn dizze coronatiden. Fan freedtejûn ôf spylje de bêste darters fan de wrâld dat online-toernoai: de PDC Home Tour. Twa fan de darters by it profesjonele dartbûn komme út Fryslân: Danny Noppert fan De Jouwer en Jan Dekker fan Boalsert. Noppert sil foarearst net meidwaan oan de Home Tour, mar de 29-jierrige Jan Dekker komt sneintejûn as ien fan de earste spilers yn aksje.

Foto: Orange Pictures
16:36
IIsbuorkerij Warkum foarmet pleats om ta drive-in om iis te ferkeapjen

It hie eins in smoardrokke tiid wêze moatten, mar troch de coronakrisis komt der hast gjinien nei de winkels fan iisbuorkerij Margje 24 yn Ljouwert en Snits. Dêrom hat Sander Bouma mei syn húshâlding de pleats dêr't it iis makke wurdt, omboud ta in wiere drive-in-iiswinkel.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)