Lineke Visser hopet op begryp foar kwetsbere âlderen yn coronatiid: "Blijf aardig tegen ze"

15 apr 2020 - 22:50

De útbraak fan it coronafirus makket dat âlderein ekstra omtinken nedich hawwe, want âldere minsken binne kwetsber. Sa ek de mem fan Lineke Visser: har mem hat te krijen mei alzheimer, mar sy wol noch wol alle dagen nei de supermerk yn Ljouwert. Lineke skreau der in stikje oer op Facebook en fertelde deroer by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Visser komt oarspronklik fan Ljouwert, mar wennet no flakby Düsseldorf. Dat is sa'n 300 kilometer fan de Fryske haadstêd, dêr't har mem noch altyd wennet. Har mem hat begjinnende demintsy, mar wennet noch wol selsstannich. De broer fan Visser wennet tichter by mem en helpt har gauris.

"Mijn broer en schoonzus doen boodschappen en doen heel veel voor haar", fertelt Visser. "En eigenlijk hoeft zij helemaal niet boodschappen te doen. Maar ze heeft alzheimer, in beginstadium, en dan hou je heel graag vast aan oude rituelen. Dus ze wil heel graag zelf boodschappen doen, ook als het niet echt nodig is."

Gjin ôfstân

Dat kin fanwegen it coronafirus lêstige situaasjes opsmite. Visser: "Ze houdt geen afstand, dat vergeet ze. Dat kun je wel vertellen, maar dat is ze vijf minuten later dan weer kwijt. Mijn broer was erg geschrokken hoe zij, bijvoorbeeld bij Intratuin, dicht op de mensen afging en een praatje maakte. Want dat vind ze gezellig."

Visser wit net krekt hoe't de minsken dêr op reagearje, om't har mem altyd posityf is en it net gau fertelle sil as der wat misgiet. Immen dy't alzheimer hat kin oer grinzen hinne gean. Mei har berjocht op Facebook wol Visser de minsken der dêrom op wize om sels ôfstân te hâlden as se har mem tsjinkomme. "Want ze is wel kwetsbaar, en dat snapt ze helemaal niet."

Begryp

Visser hopet op begryp fan de minsken, ek foar oare minsken dy't yn deselde situaasje as har mem sitte. "Ik zou het heel fijn vinden dat als je in de supermarkt of waar dan ook zo'n mevrouw of meneer of een oudere zien lopen, je een beetje meedenkt en niet geïrriteerd raakt. Als ze toch tijd nodig heeft aan de kassa of te dichtbij komt of voor jouw gevoel in de weg loopt, je toch aardig blijft. Of eraan denkt dat er wel iets anders aan de hand kan zijn dan alleen maar een lastige oudere."

Lineke Visser oer de situaasje fan har begjinnend demintearjende mem

(advertinsje)
(advertinsje)