CityProms wol gjin útklaaide ferzje fan it festival en kiest foar útstel

15 apr 2020 - 22:33

CityProms stelt it jubileumfeest mei in jier út. Foar de tsiende kear soe it klassike festival hâlden wurde yn Ljouwert, mar troch de coronakrisis is it net mooglik om it dit jier te organisearjen. De orkesten en projekten hawwe in lange tariedingstiid nedich en om't it noch lang net wis is hoe it komt mei kulturele eveneminten hat direkteur Margot Hoiting besletten de edysje troch te skowen nei takom jier.

Foto: Ruben van Vliet

It festival dat fergees tagonklik is, soe 21 juny úteinsette. Oan it festival soenen sa'n 1.500 amateur en profesjonele musisy meidwaan út 104 doarpen. Neist de muzyk binne der ek elts jier maatskiplike projekten dy't fan it festival út organisearre wurde, guon dêrfan kinne mooglik noch wol trochgean.

Gjin útklaaide ferzje

Festivaldirekteur Margot Hoiting: "Wij zagen het wel een beetje aankomen, ook in de landen om ons heen is het tot augustus niet toegestaan is om grote groepen mensen bijeen te hebben. Ook konden veel orkesten niet repeteren. We hadden internationale jeugdorkesten, er was een grote kans dat zij niet mochten reizen. De sociale projecten lagen stil. Alles begint al maanden van tevoren. Men was eigenlijk net een beetje begonnen met de voorbereiden. Op een gegeven moment heb je nog een uitgeklede versie van wat je eventueel nog zou kunnen doen. Dan moet je de afweging maken: dit gaan we gewoon niet doen."

Jubileum

Hoiting leit út wat der allegearre op de planning stie. "De vrijdagavond is normaal gesproken de avond van het Noord-Nederlands Orkest met een paar solisten, die schuiven wij door naar volgens jaar. De zaterdag is vol met jeugdorkesten, tien locaties in de binnenstad met kindervoorstellingen, sociale projecten." Mar dat is net it iennige. Der wie dit jier ek in jubileum. "In de week ervoor zouden we verschillende dingen doen omdat we tien jaar bestaan. We zouden een jongeren-meetup hebben, voorbereid door het Technasium van het Bogerman College in Sneek. Allemaal prachtige dingen, maar ook die moesten zich voorbereiden. Dus het is gesneuveld."

Der leine ek spesjale sosjale projekten yn de planning, lykas Grenzeloze Muziek dat muzyk meitsje soe foar nijkommers yn ús lân en in gearwurking tusken musisy, dak- en thúsleazen en meiwurkers fan opfang Zienn.

Finansjeel

It festival kin it finansjeel dizze ôffaller goed opfange, wichtich derby is dat it net ôfhinklik is fan kaartferkeap. "Het is een gratis festival, dus wil je los gaan dan moet de begroting rond zijn. Het gros van het geld was geregeld, dus dat zat wel oké. Maar toen het coronavirus uitbrak hebben we meteen contact gelegd met de gemeente om ook te kijken hoe we het met de subsidie kunnen regelen," seit Hoiting.

Festivaldirekteur Margot Hoiting leit de kar út

(advertinsje)
(advertinsje)