FNP Achtkarspelen wol kompensaasjeregeling foar doarps- en buerthuzen

15 apr 2020 - 20:59

De gemeente Achtkarspelen moat alle doarps- en buerthuzen kompensearje foar de ûnreplik saakbelesting fan 2020. Dat fynt de FNP yn Achtkarspelen. De partij tsjinnet tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste in moasje yn mei dy strekking.

Foto: Pexels.com

Neffens de FNP hawwe doarps- en buerthuzen in wichtige funksje yn de mienskip en binne dy ûnmisber foar de leefberens yn it doarp. Troch de coronakrisis moasten ek de doarps- en buerthuzen de doarren slute. Dat soarget foar flink minder ynkomsten foar de doarpshûzen, wylst de útjeften wol trochgeane.

Neffens de FNP reitsje de doarpshuzen tusken wâl en skip, omdat dy net profitearje kinne fan de kompensaasjeregelingen fan de ryksoerheid. Earder makke de steatefraksje fan de FNP al bekend stipe te wollen foar doarpshuzen en wykgebouwen yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)