Fytser ferwûne nei botsing mei auto by Burdaard

15 apr 2020 - 20:45

Op de krusing fan de Hikkaarderdyk en de Iedyk by Burdaard is woansdeitemiddei in fytser ferwûne rekke by in ûngelok. De fytser kaam yn botsing mei in auto. Hoe't dat krekt gebeure koe, is noch net bekend.

Foto: De Vries Media

Under oare in traumahelikopter waard oproppen om help te ferlienen. It slachtoffer is earst op it plak fan it ûngelok behannele en dêrnei yn de ambulanse oerbrocht nei it sikehûs.

De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok fytser Burdaard
(advertinsje)
(advertinsje)