Digitale muzykles bringt bewenners fan De Hammeren yn Kollum byinoar

15 apr 2020 - 20:06

Soarchynstelling De Hammeren yn Kollum jout digitale muzykles oan harren bewenners. Troch it coronafirus is de ynstelling ticht foar besikers en wenje de measte kliïnten by harren âlden thús. De bewenners hawwe gjin kontakt mear mei-inoar en dus is it allegearre oars as oars. "Sy misse inoar echt," seit Nynke Kingma, begelieder by Talant. "Dizze situaasje is dreech om út te lizzen." De Hammeren bringt de kliïnten mei-inoar yn kontakt mei in digitale muzykles.

Kontakt fuort

"We dogge dit om dochs in bytsje in ferbining te meitsjen mei kliïnten dy't net mear by ús op de lokaasje binne," sa seit Nynke. Sy jout de muzykles. "Gewoanwei jou ik muzykles oan 15 kliïnten en dy wenje op sân ferskate plakken. Se kinne no net mear by my komme en dus is dat kontakt fuort. Ik wol net dat ik de minsken sa lang net sjoch en dan dogge we it no mei de laptop. Kinne se dochs ek noch wat fan de muzykles folgje."

Eltse wike is der muzykles by Talant. Alle kliïnten meie in eigen ynstrumint pakke om mei te spyljen. "Ik sit no mei trije kliïnten op de lokaasje. Der steane twa laptops foar ús en trije mobile telefoanen stean dêr wer njonken. Ik belje nei alle kollega's en sa wurdt dat yn grut gehiel."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

It is hiel frjemd dat se thús bliuwe. Se ha struktuer nedich, dat is fuort.

Nynke Kingma, begelieder Talant

Dreech te begripen

Foar de bewenners binne alle problemen mar dreech te begripen. "It is dreech om út te lizzen wat corona is", seit Nynke. "Se witte eins ek net wat siik wêzen is. It is hiel frjemd dat se thús bliuwe. Normaal hawwe se yn de simmer in pear wiken frij, mar se binne no al fiif wiken thús. Se hawwe struktuer nedich, dat is fuort. Mei de muzykles bringe wy dêrom ek wat struktuer werom, dat is ek goed foar de minsken."

Net allinnich foar de kliïnten is it bot oanpassen yn dizze perioade. "It is foar ús as begelieders ek allegearre hiel oars," sa seit Nynke. "Wy moatte no op de lokaasje sels bliuwe. Gewoanwei kinst der efkes út, efkes de boadskippen dwaan mei in kliïnt. Mar dat mei ek net mear. Dus dan moatte je oare dingen betinke, lykas in digitale muzykles."

(advertinsje)
(advertinsje)