Premier Rutte sjocht foarút op in 'oergongsfaze' foar coronamaatregels

15 apr 2020 - 19:22

Minister-presidint Mark Rutte wol noch net daalks foarút rinne op in mooglike ferromming fan de maatregels tsjin it coronafirus, mar seit wol dat it in 'tuskenwike' is. De premier warskôget lykwols wol: "Het loket gaat niet zomaar ineens helemaal open, we moeten ons voorbereiden op een overgangsfase. Het gaat om grote maatschappelijk dilemma's en praktische vragen."

Premier Mark Rutte - Foto: ANP

Hieltyd mear minsken freegje harren ôf oft de maatregels yntusken net hast in bytsje ferromme wurde kinne. Rutte neamt dat 'volkomen logisch' fanwege de ynfloed op alle minsken. "Het is bijna bovenmenselijk wat er gevraagd wordt."

Neffens Rutte en minister Hugo de Jonge binne der trije ankerpunten as it giet om it wol of net ferromjen fan de maatregels. As earste de druk op de soarch, as twadde it beskermjen fan âlderein en kwetsbere minsken en as tredde it sicht op en it ynsjoch yn de fersprieding fan it firus.

Dilemma's

Sa jout de minister-presidint oan dat it ek giet om it ferdielen fan de romte. "We kunnen ervoor kiezen om het onderwijs of werk weer op gang te brengen om druk bij gezinnen weg te nemen, maar dan neemt de druk op bijvoorbeeld het openbaar vervoer en de publieke ruimte meteen toe. Men moet niet meteen tegen elkaar op botsen in treinen en parken. Zulke dilemma's moeten zorgvuldig doordacht worden. Anders is het risico veel te groot dat we het virus nieuwe zuurstof geven."

Dêrom seit de premier: "Als we kunnen versoepelen, is het niet meteen helemaal terug naar normaal. We kunnen ook niet garanderen dat we ooit weer een stap terug moeten zetten als het virus wel weer meer om zich heen grijpt."

Folhâlde

Wol seit Rutte dat de maatregels sels ek gefolgen hawwe: "Mensen kunnen niet naar hun sportclub, missen hun contacten en kunnen niet op bezoek bij hun ouders in verpleeghuizen. Maar eenvoudige oplossingen zijn er niet."

Ek minister Hugo de Jonge seit mei klam dat in mooglike ferromming 'behoedzaam en verstandig' barre moat: "U snakt naar een wereld die weer gewoon is, maar het is van belang om nog even vol te houden."

It kabinet hat yn de parsekonferinsje fan woansdei dus gjin nije maatregels bekend makke.

Trefwurden: 
RIVM Mark Rutte coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)