Frjentsjerter bedriuw betinkt oplossing foar fideobeljen mei fersoargingstehuzen

It Frjentsjerter ICT-bedriuw Proceed hat in subsydzje fan 15.000 euro krigen foar it trochûntwikkeljen fan in systeem dat fideobeljen mei minsken yn in fersoargingstehûs makliker makket. Der binne de wrâld oan apps dy't fideobeljen mooglik meitsje, mar se ha allegear neidielen. It systeem dat Cor Procee betocht hat wurket in stik makliker.
Frjentsjerter bedriuw betinkt oplossing foar fideobeljen

Siik thús

Procee kaam op it idee doe't hy sels siik thússiet. Nei alle gedachten hie hy corona, mar Procee is net test. "Je sjogge dan hoe't minsken kontakt sykje. Mar foar benammen âldere minsken dy't kwealik doel ha oer dit soarte fan mooglikheden is dat net sa maklik", seit Procee. Sa ha je bygelyks foar it programma Zoom in lange link nedich, foar oare systemen as Skype in eigen mailadres of foar Facetime in Apple-systeem.
Procee: "Ik bin begûn op basis fan de systemen dy't wy al brûke foar fideokonferinsjes. We ha kontrakten ôfsletten mei soarchoanbieders. Dy krije fan ús in oantal unike links mei in pinkoade. Dy wurde dield mei famylje. Meiwurkers soargje der dan foar dat de minsken op de goede tiid klear sitte."

Subsydzje fan 15.000 euro

It ministearje fan Folkssûnens wie fuort entûsjast. It bedriuw krige in subsydzje fan 15.000 euro. "Mei dat jild kinne wy de kosten dekke en dit goedkeap oanbiede. In stik goedkeaper as oare partijen." It doel is om hûndert soarchynstellingen de kommende wiken fan it systeem te foarsjen.
© Omrop Fryslân
Procee: "De impact fan it ôfsluten fan fersoargingstehuzen en soarchynstellingen is gigantysk. En ek de âlderein dy't allinnich thússit. Dat smyt iensumens op en isolemint."
Hy tinkt dat it systeem ek yn de takomst as alles wer 'gewoan' is trochdraaie kin. "Foar de krisis wie ek faak de klacht yn fersoarchingstehuzen dat minsken iensum binne. Dit is in mooglikheid dêr wat oan te dwaan."