Keatsmuseum stelt tentoanstelling, lêzings en wedstriden út

15 apr 2020 - 18:33

In tentoanstelling mei olympyske medaljes fan Fryske sporters, trije lêzingen en ferskate wedstriden yn it muorrekeatsen; it Keatsmuseum yn Frentsjer hie grutte plannen foar de kommende tiid. Troch it coronafirus giet it net troch; it museum stelt it hiele projekt mei in jier út.

Foto: Wikipedia, Ieneach fan 'e Esk

Op 1 maaie soe de tentoanstelling Van Parijs tot Pyeongchang iepene wurde troch deputearre Sander de Rouwe en Anneke van Zanen, foarsitter fan nasjonale sportkoepel NOC*NSF. De tentoanstelling soe in soad medaljes sjen litte fan 29 Fryske olympyske medaljewinners.

Dêrneist soe der dit jier trije kear in lêzing wêze: earst yn maaie fan âld-follybalcoach en hjoeddeistich sportbestjoerder Joop Alberda, dêrnei yn july ien fan shorttrackbûnscoach Jeroen Otter en yn oktober noch ien fan topturner en olympysk kampioen Epke Zonderland.

Dat giet no allegearre oer. En dat jildt ek foar de wedstriden dy't spile wurde soene yn it muorrekeatsen, oftewol wallball. Dat is in ynternasjonale keatsfariant mei, neffens guon minsken, olympyske potinsje.

"It kin net oars"

Voorzitter Bram Bonnema baalt, mar it koe neffens him net oars. "It spyt ús tige, mar wy ha besletten om ús projekt yn syn hiele hear en fear nei takom jier te tillen. Dus net allinnich de tentoanstelling mei in protte medailles fan Fryske Olympyske sporters, mar ek de lêzingen en wallballaktiviteiten.

It beslút betsjut dat it projekt tagelyk is mei de Olympyske Spelen in Tokio. Ek dy binne okkerdeis al mei in jier útsteld nei de simmer fan 2021.

(advertinsje)
(advertinsje)