Feteraan Don White: Sfear by befrijing fan Ljouwert hast net te beskriuwen

15 apr 2020 - 18:16

It is 75 jier lyn dat in grut part fan Fryslân befrijd waard fan de Dútske besetter. Hoewol't guon plakken noch yn Dútske hannen wiene, lykas de Waadeilannen, is 15 april de offisjele Befrijingsdei fan ús provinsje. En by de Kanadees Don White stiet dy datum noch helder op it netflues. Gjin wûnder: White makke diel út fan de Royal Canadian Dragoons: de groep Kanadeeske soldaten dy't Fryslân fan 'e oarloch befrijd hat.

Feteraan Don White yn Ljouwert yn 2018 - Foto: Lucas Kemper

Don White is 95 - 'bijna 96', follet hy oan - mar dat wjerhâldt him der net fan om sa no en dan noch altyd de oseaan oer te stekken, nei Nederlân. White wie ek fan doel om mei te dwaan oan de betinking fan 75 Jier Befrijing. Mar troch de coronamaatregels bliuwt White yn Kanada.

Ferbylding

Dus reizget de feteraan no efkes yn gedachten ôf nei it Fryslân dat er 75 jier lyn oantrof, doe't er mei de Royal Canadian Dragoons út Italië wei nei Nederlân kaam. It wie in hiele rit. De soldaten hiene der moannen oer dien, en White seit dat er wol efkes wenne moast oan it lân dat hy en syn maten dizze kear ynlutsen wiene: it ferskilde bot fan it suden.

Boppedat, sa ûnlijich as yn Italië of it suden fan Nederlân wie de oarloch hjir net. De Royal Canadian Dragoons wie ien fan 'e earste troepen dy't it relatyf rêstige Fryslân oandwaan soe.

Tommy's

De bliidskip by de ynwenners fan Ljouwert wie der net minder grut om. De sfear dy't der hong nei't it befrijd wie, is hast net te beskriuwen, seit White. Elkenien hie him jierren ynhâlde moatten, mar no kamen alle emoasjes los. "Ze zongen, ze huilden, ze lachten, er werd geschreeuwd: het was ongelooflijk", seit White. Him stiet ek noch de tuten, it nodzjen en it fûstkjen by. "Alsof mijn arm eraf zou vallen", seit er laitsjend.

De Ljouwerters wiene der net fuortendaliks fan op 'e hichte dat se te krijen hiene mei Kanadezen. Earst waarden White en syn maten noch 'Tommy's' neamd, om' t de ynwenners fan Ljouwert harren as Ingelsen seagen. "We waren de eerste Canadezen die ze zagen."

Tulp

Nei de oarloch hold White kontakt mei Nederlân. Ferline jier waard der troch premier Rutte in tulp nei him ferneamd. Ek wie White fêst fan doel om nei de betinking fan 75 Jier Befrijing te kommen. Hy hopet dat de betinking letter plak fine sil. En dan sil hy der ek by wêze. Want it lân oan de oare kant fan de oseaan fielt yntusken al hiel lang as syn twadde thús.

Feteraan Don White út Kanada

(advertinsje)
(advertinsje)