PvdA Fryslân wol snellokket foar keunstners

15 apr 2020 - 17:57

De steatefraksje fan de PvdA wol fan Deputearre Steaten witte oft it mooglik is foar de provinsje om ynkoarten aktuele keunstprojekten te stypjen. Neffens steatelid Anne Zijlstra soe spesjaal dêrfoar in saneamd snelloket iepene wurde moatte.

Anne Zijlstra - Foto: PvdA Fryslân

Neffens de PvdA is it wichtich dat ek de kulturele sektor ynspylje kin op de troch it coronafirus feroarjende mienskip. Keunstners dy't mei harren projekten rekke wurde troch de coronakrisis moatte stipe krije fan de provinsje, seit de fraksje.

PvdA-steatellid Anne Zijlstra stelt dêrom no skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Hy wol witte oft it binnen twa wike kin om fia in 'snelloket' aktuele projekten te stypjen, bygelyks troch gebrûk te meitsjen fan it Iepen Mienskipfûns. It kin dan gean om kulturele projekten fia livestreams of presintaasjes fan wurk dat digitaal makke is.

(advertinsje)
(advertinsje)