Twa damherten fêst mei nylon lint by Ketlik: plysje krijt ien libjend frij

15 apr 2020 - 17:48

De plysje fan Súdeast-Fryslân waard tiisdei ynskeakele foar in bysûndere befrijing. By Ketlik sieten twa deimen (damherten) mei de geweien yninoar, dat kaam troch in nylon lint.

Foto: Politie Zuidoost Fryslan

Op it plak die bliken dat ien fan de bisten al ferstoarn wie. De twa bisten sieten mei de geweien fêst yn in nylon ôfsetlint, dy't yn 'e tiis siet yn it gewei fan de deim dy't yntusken dea wie.

De deim dy't noch yn libben wie, in mantsje, koe mei gjin mooglikheid fuortkomme. It slagge de plysje om it bist te pakken en mei help fan omstanners koe it lint lossnien wurde. It hiele barren hat mear as in oere duorre en 'de broek van een collega liep door het gewei daarbij enige averij op,' sa skriuwt de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)