Rûtes Fryslân fan Boppen oanpast: sa fljocht de drone tongersdei en freed

16 apr 2020 - 09:30

Fan woansdei 15 april ôf fleane der twa wiken lang op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûtes fan tongersdei en freed.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freget fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle hertferwaarmjende stipe yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Slachterûte

Op dei twa, tongersdei 16 april, sille de drones de Slachterûte fleane, dy't fan Easterbierrum nei Raerd giet. Der wurdt flein mei twa ploegen dy't elk twa parten fan de rûte filmje. Tusken 9.00 en 11.00 oere wurdt der flein fan Easterbierrum nei Tsjummearum, Seisbierrum, Winaam en Hjerbeam. En ek fan Hitsum nei Tsjom, Achlum, Arum, Lollum en Waaksens.

Fan 11.15 oant 13.15 oere sille de drones boppe Kûbaard, Wommels, Easterein, Itens, Rien, Lytsewierrum en Reahûs fleane. En ek fan Hidaard, Boazum, Wiuwert, Britswert, Easterwierrum, Reduzum en Raerd.

De Slachtemaraton soe dit jier op 13 juny wêze, mar troch it coronafirus is dizze útsteld nei takom jier. Om praktyske redenen sil de rûte oarsom flein wurde. De ynwenners wurdt frege om tongersdei de wite wask bûten te hingjen.

Alde Feanen - De Lemmer

De drone sil freed 17 april de rûte Alde Feanen - De Lemmer fleane. De drone sil tusken 9.00 en 11.00 oere fan Burgum nei Garyp, Earnewâld en Aldegea fleane. In twadde drone fljocht fan 9.00 oant 11.00 oere fan De Wylgen nei De Feanhoop, Aldeboarn en Haskerdiken. Fan 11.00 oant 13.00 oere wurdt der flein fan Vegelinsoard nei De Jouwer, Skarsterbrêge en Sint-Nyk. Op datselde tiidstip is der in drone te finen op de rûte Ychtenbrêge, Eastersee, Woudagemaal en De Lemmer.

Foto: Omrop Fryslân

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglik ûnferwachtse omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.

Fryslân fan Boppen is te sjen op telefyzje ûnder de Middei fan Fryslân tusken 14.00 en 16.00 oere en jûns om 21.30 oere in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

(advertinsje)
(advertinsje)