'Set ‘m op Fryslân': hoe'tsto sjen én meidwaan kinst oan ús nije programma

Wat hâldt de Friezen dwaande yn dizze krisisperioade? Oan 'e keukenstafel, yn eigen tún of miskien wol drok mei putsjes yn it hok? Yn it nije tv-programma 'Set 'm op Fryslân' wurde alle dagen de moaiste, grappichste en werkenbere mominten fan minsken sammele. Sjoch en doch mei, want Omrop Fryslân hat dyn ynbring nedich. Hoe, wat en wêr, dat lêst hjir.
© Omrop Fryslân

Dit stjoere wy út

Boartsjende bern, sportende memmen, aktiviteiten yn it âldereintehûs, heiten dy't húswurk útlizze, neam mar op. Oftewol: in samling fan filmkes dy't in yndruk jouwe wat de Friezen op it stuit dwaande hâldt. Artysten dy't thús in nûmer meitsje komme ek oan bar, yn alle ôfleveringen komt in 'homemade' fideoklip.

Dit is wat wy fan dy nedich binne

Meidwaan is maklik, kinst gewoan sjen litte wat der bart. Dêrneist is it handich as it filmke horizontaal filme is. En ynhâldlik is alles wolkom!

Sa moatst it uploade

Filmkes mei ús diele kin op ferskate wizen:
'Set 'm op Fryslân is fan hjoed ôf alle wurkdagen fan 17.45 oere ôf te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.