Acht fertochten saak-Easterwâlde sechstich dagen langer fêst

15 apr 2020 - 16:48

Acht fan de tsien fertochten yn de saak-Easterwâlde bliuwe yn alle gefallen sechstich dagen langer fêstsitten. Dat hat de riedkeamer woansdei besletten. It ûndersyk is rjochte op de hannel yn fjoerwapens en eksplosiven, troch yn krimineel gearwurkingsferbân om haadfertochte Hendrik van der H. út Easterwâlde hinne.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Neist de wapenhannel wurdt der ek ûndersyk dien nei fraude, mishanneling, minskehannel en útrûpeljen.

Op 11 maart moasten alle tsien fertochten tritich dagen langer fêstsitten bliuwe. Yntusken binne twa fertochten frijlitten troch it Iepenbier Ministearje.

De earste pro-formasitting is pland foar 2 juny oansteande. Alle riedslju hiene frege om skorsing fan de foarriedige feststelling fan de fertochten, mar de rjochtbank gie dêr net yn mei.

By de ferskate ynfallen binne in soad wapens yn beslach naam. It giet om trije Kalashnikovs, ferskate hânfjoerwapens, swiere eksplosiven en munysje fan ferskate swier kaliber wapens. Fierder waard der krûd fûn, kapmessen, honkbalkneppels en soer.

Yn in auto yn Drachten waarden twa Kalashnikovs, twa pistoalen en trije kilo amfetamine oantroffen. Yn in oare auto binne twa automatyske wapens fûn wêrûnder ien Kalashnikov. Yn in trochsochte wenning binne de lege ferpakkingen fûn fan hângranaten.

De plysje wist fierder by de trochsikingen beslach te lizzen op kompjûters, simkaarten, telefoanen, falske identiteitsbewizen en administraasje. Ek waard yn de tún fan ien fan de fertochten in yngroeven tonne fûn en waard mei help fan in sykploech mei röntgenapparatuer fan Definsje in ôfsletten klûs fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)