Soad belangstelling by Liander foar sinne-enerzjy

15 apr 2020 - 16:25

De Fryske fraach nei sinne-enerzy by netbehearder Liander is grut. Mar leafst 671 produsinten wolle in plakje op it net. Neffens Liander, de grutste netbehearder yn Nederlân, hat it te krijen mei de maitiidssubsydzje fan 4 miljard euro dy't beskikber steld wurdt troch it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske oanfragen komme fan ûndernimmers mei plannen foar 50 of mear sinnepanielen op it dak of op 'e grûn. Liander hat yn 454 fan de 671 gefallen oanjûn dat der noch genôch romte is op it elektrisiteitsnet om stroom te ferfieren. Mar Huibert Baud, manager netontwikkeling van Liander, makket in foarbehâld.

It net rekket fol

"Door de snelle en grootschalige opkomst van zonnepanelen raakt het net elektriciteitsnet op steeds meer plaatsen vol, zeker ook in Friesland. Het net is niet ontworpen voor grootschalige regionale opwek van stroom in landelijke gebieden. Extra of nieuwe capaciteit van het elektriciteitsnet aanvragen is geen vanzelfsprekendheid meer. Om aan de vraag te kunnen blijven voldoen, breiden we het net op veel plaatsen fors uit, in Friesland alleen al dit jaar voor 99 miljoen euro."

Troch bygelyks langduorjende fergunningstrajekten- en prosedueres kostet útwreidzjen in soad tiid. Neffens Boud moat dat feroarje, effisjint wurkje is wichtich: "Het Nederlandse elektriciteitsnet behoort tot de betrouwbaarste van de wereld. Dat willen we zo houden en we willen overbelasting en storingen voorkomen. Daarom laten we nieuwe producenten van duurzame stroom pas weer toe op een vol net als dit uitgebreid is."

644 fuotbalfjilden yn Fryslân

Yn de eerste trije moanne fan 2020 naam it tal sinnepanielen yn Fryslân mei 32 persint ta neffens in jier ferlyn. Wa't it omrekkenet yn de grutte fan in fuotbalfjild komt ta de konklúzje dat Liander yn ús provinsje yntusken 644 fuotbalfjilden mei sinnepanielen (451MW) ferdield hat oer dakken fan wenningen en bedriuwen en oer sinneparken dy't op it elektrisiteitsnet oansluten binne. Op dizze webside is de ûntwikkeling fan sinnepanielen yn Fryslân te sjen (sûnt 2011).

(advertinsje)
(advertinsje)