Kollum: "Frij"

15 apr 2020 - 15:40

"Hjoed is it 15 april. In bysûndere dei. Us befrijingsdei. Dat wist ik lykwols pas doe't ik tweintich waard. Us âlden ha ús noait wat oer de oarloch ferteld. Dat wie net sa frjemd hear. Ik ha gâns oare leeftiidsgenoaten heard, by wa't it presys sa wie.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Je learden pas op skoalle wat der oan de hân west hie, lykwols saken út in boekje binne altyd lichter te fertarren as it echte ferhaal. Mar goed, ik hearde dus pas doe't ik tweintich wie dat der in flagge op de Aldehou kaam op 15 april. Doe wie it 25 jier lyn dat de Kanadezen de flagge hysten yn Ljouwert.

Fryslân frij. Dat wie yn de santiger jierren in gjalp dy't neat mear mei de oarloch te krijen hie. It wie de slachsin fan in hantsjefol oerdwealske djip-Friezen, dy't frij fan de Rânestêd woenen. Troch harren krewearjen waard 15 april ynienen ús bysûndere dei; wichtiger as 5 maaie, wannear't we fiere dat hiel Nederlân frijkaam.

We fiele ús hjoed frij. We binne fansels hielendal net frij. Ik tink dat Pake Sytse, ien fan de haadpersoanen út in boek fan Rink van der Velde, de lêste man yn Fryslân wie dy't hielendal frij wie. Benammen frii fan alle formalisme wat yn dy 75 jier oer ús kaam is. Der binne noch wol lju dy fjochtsje har dea tsjin dat formalisme, mar se gean de boat yn.

Fryslân as provinsje hat ferplichtingen oangeande de sintrale oerheid en mienskip. As we alle ferplichtingen oerboard smite, soenen we net bestean kinne. Wat dy lju fan de FNP ek sizze. Ek al wolle dy op 't heden net mear Fryslân Frij, mar wolle se foech ha. Foech is lykwols ek formalistysk. Dêr sjitte we gjin soademiter mei op. Boppedat ha we al sjen littten, dat we dêr ek net mei omgean kinne.

Fryslân is in hiel lyts stipke op de ierdbol. In bytsje minder read as de Rânestêd, dus wy wenje blykber noch net 'hutjemutje'. Likegoed fuotbalje en fytse de Fryske sporttopppers yn it bûtenlân. Likegoed ha boeren pleatsen yn Ruslân, Kanada en Denemarken. Likegoed ferkeapje we ús kij oeral yn de wrâld. Likegoed litte we ús sipels yn Poalen yn in netsje flechtsje. Likegoed litte we ús garnalen yn Marokko pelle. Likegoed gean we op fakânsje nei Tailân, Baly, Egypte of wêr ek op de wrâld.

Likegoed ha flechtlingen út Syrië of Iran hjir in gol plak. Likegoed studearje wy yn Tokio of Peking. Likegoed helje we ús Oerolstunts út Brazilië of Guatamala. Likegoed wurde der yn Kolombia en Ekwador makke drugs op it Waad oan lân brocht. Likegoed ferplege ús susters de siken yn Maly en Kongo. Likegoed bin der op It Amelân altyd mear Dútsers as Friezen, ek 75 jier letter. Likegoed... ik kin noch oeren trochgean.

Koartsein: Fryslân is in foar harsels wêzenlik ûnderdiel fan de hiele wrâld. En dat jildt foar de measte minsken yn de measte lannen. En as je earne ûnderdiel fan binne, ha je ferplichtingen nei elkoar ta. Dus binne je net frij fan elkoar. Fryslân Frij bestiet net.

Wat fiere we dan hjoed? No dat we doe loskamen fan ôftwongen net-frij wêzen. Dat de ferplichtingen je mei in gewear yn de oanslach ôftwongen waarden. En as je "frij" rôpen en dienen, waard der echt sketten. Dat wie op dy 15e april foarby.

De ferplichtingen dy't we no ha, ha we oer ússels ôfroppen. Jawis, we 'sputterje' noch wolris tsjin, want we wolle eins yn dit gekke stikje wrâld alles sels betinke en útfine. Wetter, witte we alles fan. Fine we sels út. Mar as der in Fries komt en dy lit in finne wetter fan A nei B streame yn Timboektoe, dan ha dy Timboektoenezen der miskien net oer meipraat. Dy binne noch net frij.

Dus as der hjir yn Fryslân ris sân, wyn of sâlt wûn wurdt en we wisten it net en we ha der net oer mei âldehoerd, dan wurde we dwers. Hiel dwers. Dat is goed. Mar hoe lang binne we dat noch? Doe't ik tweintich wie stie in hiele seal oerein as der immen wie, dy't sei: "Kinne jim ek gewoan Hollânsk prate?" En no? No helje we de skouders op."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)