Goed nijs Fryske sikehûzen oer IC-pasjinten mei coronafirus

15 apr 2020 - 14:25

De Fryske sikehûzen binne drok mei it behanneljen fan minsken mei it coronafirus, mar sjogge ljochtpuntsjes. Dat litte se witte yn in parseberjocht. Want hoe earnstich it ek is, in soad pasjinten kinne nei ferrin fan tiid fan de Intensive Care ôf of binne alwer thús. It bliuwt swier, mar neffens de sikehûzen is der noch genôch romte om coronapasjinten op te nimmen en liket de besmettingscurve ôf te flakken.

"Voor een groep patiënten verloopt de aandoening buitengewoon ernstig,' seit Christiaan Boerma, yntensivist yn Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). "Ook voor de mensen die nu coronapatiënten verplegen, is het een zware tijd. We mogen de ogen absoluut niet sluiten voor de ernst van de ziekte. Maar voor ons als zorgverleners is elke patiënt bij wie we goede resultaten zien wel een lichtpuntje."

Nij Smellinghe: measte út Brabân

Yn Nij Smellinghe yn Drachten binne de measte pasjinten út Brabân opnommen. It grutste part is wer thús. "Zij zijn ontslagen met een sterke verbetering van hun gezondheidssituatie', fertelt longspesjalist Jaap Strijbos.

"De patiënten waren heel dankbaar dat ze hier zijn behandeld. In een korte tijd hebben we voor deze patiënten de zorg goed geregeld. Dit is te danken aan de saamhorigheid van iedereen die betrokken is bij de zorg. Van verpleegkundige tot de schoonmaak."

Sûnt it begjin fan de coronakrisis koene yn it MCL sân coronapasjinten de IC wer ferlitte. Trije fan harren komme út Súd-Nederlân en binne dêr wer hinnebrocht.

Hoewel het op onze IC best druk is, hebben we voldoende capaciteit voor het huidige aantal coronapatiënten en kunnen we ook andere acute patiënten helpen.

Christiaan Boerma fan it MCL

Yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean koene oant no ta twa pasjinten de IC ferlitte en 34 coronapasjinten binne wer thús; 15 dêrfan komme út Súd-Nederlân. Sy krigen in Frysk 'welkom thuis'-pakketsje.

Yn it Antonius sikehûs yn Snits wiene der ek twa pasjinten dy't de IC ferlitte koene. Noch ris 39 oare coronapasjinten binne wer thús. Meiwurkers neame de tankbere reaksjes "ontroerend."

Ek plak foar net-coronapasjinten

Boerma is goed te sprekken oer de coronamaatregels en hoe't wy ús dêr mei syn allen oan hâlde. "Gelukkig houden de meeste mensen in de samenleving zich aan de regels, ze blijven thuis als het kan en houden voldoende afstand. De curve lijkt nu succesvol af te vlakken."

Neffens him is der ek gewoan noch plak foar minsken sûnder corona. "Hoewel het op onze IC best druk is, hebben we voldoende capaciteit voor het huidige aantal coronapatiënten en kunnen we ook andere acute patiënten helpen. Maar het reguliere OK-programma is tot een minimum beperkt."

Christiaan Boerma, yntinsivist yn it MCL yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)