Rene van der Weij nominearre as bêste amateurtrainer fan Nederlân

Rene van der Weij is nominearre foar in Rinus Michels Award. Dat is de priis foar bêste trainer fan it Nederlânske amateurfuotbal, organisearre troch it trainersfakbûn VVON. De Ljouwerter is op it stuit trainer by SC Genemuiden yn de haadklasse.
Rene van der Weij yn syn tiid as trainer fan VV Bûtenpost © Orange Pictures
De VVON nominearret út elts distrikt in trainer en yn noard is dat dus Van der Weij. Hy moat konkurrearje mei trainers fan ûnder oaren AFC, HHC Hardenberg en SVV Scheveningen. De âld-fuotballer wurdt yn de nominaasje priizge om't er in soad each hat foar jeugdspilers.
"Van der Weij is continu bezig met de ontwikkeling van de speelwijze. Het rendement is in verdedigend opzicht zichtbaar met minder tegendoelpunten. René houdt daarnaast vast aan zijn voetbal ideeën en wil dominant en aanvallend spelen", falt der te lêzen op de webside fan de VVON.
It is it earste seizoen fan Van der Weij by Genemuiden. Dêrfoar hie de âld-fuotballer fan ûnder oaren SC Cambuur en Harkemase Boys de lieding oer VV Bûtenpost, wêrmei't er promovearre nei de haadklasse. Dêr koe er him ek hanthavenje.

Priisútrikking ûnwis

It is noch net dúdlik wannear't de winner bekend makke wurdt. Dat bart altyd op in jierliks trainerskongres yn maaie yn Zwolle, mar fanwege de coronakrisis giet dat no net troch. As dat dit jier net mear plak fine kin, siket de VVON nei in oar geskikt momint om de priis út te rikken.
Rene van der Weij