Krânslizzing 75 jier befrijing Fryslân: wichtich en sober

15 apr 2020 - 12:52

Nei de digitale steategearkomste earder op 'e moarn, wie der woansdei yn it ramt fan 75 jier befrijing yn Fryslân noch in krânslizzing by it stedhûs yn Ljouwert. Allinne kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wiene oanwêzich.

Boargemaster Buma (l) en kommissaris Brok - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sober, mar o sa wichtich. Sa omskreaun Buma de krânslizzing yn Ljouwert. "It is in nuvere dei. Eins soene der Kanadeeske Dragoons by wêze en ek Nederlânske rezjiminten. Mar no binne allinne kommisaris Brok en ik hjir om stil te stean by de befrijing fan Fryslân."

Dochs neamt Buma it fan belang om ek in tiden fan coronamaatregels stil te stean by de befrijing. "It wurdt fansels útstjoerd, minsken kinne it thús sjen. Sa kinne wy sjen litte dat we de befrijers tank sizze en dat we ek tinke oan de minsken dy't sels hjoed-de-dei de gefolgen fiele. Der moat altyd omtinken wêze foar dizze dei."

Nei de krânslizzing by it stedhûs wiene der ek noch in krânslizzing by de oarlochsgrêven op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.

Alle ynplande festiviteiten yn it ramt fan 75 jier befrijing yn Fryslân binne ferpleatst nei takom jier.

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)