GGD Fryslân: twa nije stjergefallen, acht minsken posityf test op coronafirus

15 apr 2020 - 12:03

Der binne wer twa minsken ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Dat docht bliken út de nijste sifers oer it firus, dy't komme fan GGD Fryslân. Ek binne der acht nije positive tests fêststeld yn ús provinsje.

Folgje alles oer it coronafirus yn ús liveblog.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

It tal sikehûsopnamen is mei trije minsken omheech gien en komt no yn totaal op 65 minsken dy't corona hawwe en yn de Fryske sikehuzen lizze. Yn totaal binne der no 34 minsken ferstoarn oan de gefolgen fan besmetting mei it coronafirus. Der binne yn totaal 377 minsken posityf test yn ús provinsje.

Ekstra tests

Sûnt ferline wike moandei wurde soarchmeiwurkers mei klachten ekstra test. Dêrfoar binne yn it hiele lân ekstra testlokaasjes. Yn Fryslân stiet ien op it terrein by it laboratoarium Izore, yn Ljouwert. Yn gearwurking mei GGD Fryslân teste sy de soarchmeiwurkers.

"Er is steeds meer ruimte om zorgmedewerkers te testen, die kunnen zich melden bij de bedrijfsarts", seit Eberhard Hofstra, arts ynfeksjesyktenbestriding by GGD Fryslân. "En heel kleine organisaties kunnen zich melden bij de GGD wanneer ze niet meteen een bedrijfsarts voor handen hebben. Dan maken wij een inschatting of het van belang is en of het consequenties heeft voor de inzetbaarheid op het werk."

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)