Steatelid Wiersma: "Spitich dat Dales net fuortendaliks iepen wie oer syn kar"

15 apr 2020 - 12:01

It is al in skoft ûnrêstich binnen 50PLUS. De oanlieding is it beslút fan partijfoarsitter Geert Dales om him kandidaat te stellen foar de Twadde Keamer út namme fan de 50PLUS-partij. Theun Wiersma is lid fan Provinsjale Steaten foar 50PLUS. Hy leit út wêrom't it beslút fan Dales foar argewaasje soarge en watfoar effekt dizze situaasje hat op de partij.

Theunis Wiersma - Foto: 50PLUS

Wiersma seit dat de ûnrêst binnen de partij ûntstie nei't Dales it beslút naam om him kandidaat te stellen foar de Twadde Keamer. Fraksjefoarsitter Henk Krol hie him dêrta oproppen. It foarsitterskip fan Dales soe takom jier op syn ein rinne en in funksje as Twadde Keamerlid soe Dales dêrnei ek wol oppakke kinne, fynt Wiersma. Mar dat er gjin iepenheid joech oer syn beslút, liede neffens Wiersma ta argewaasje binnen de partij.

"It waard net rjochtút sein. Dan krije je minsken der harren eigen gedachten oer krije", lit Wiersma witte. Wat de situaasje boppedat gefoelich makket, fertelt Wiersma, is dat in kandidaat foar de Twadde Keamer by 50PLUS keazen wurdt troch in seleksjekommisje. Krekt dêrfan is Dales op it stuit noch foarsitter.

Iepenhied

"Ik fyn it efterôf noch hieltyd spitich dat Dales net lyk, fan it earste momint ôf, der iepenheid oer jûn hat en sein hat: dit is myn kar", lit Wiersma witte. "Hie dat no lyk dien, dan hiene je alle spekulaasjes út de loft hân." No jout de situaasje ûnrêst by 50PLUS. Dat is spitich, fynt Wiersma. "Wy binne noch altiten dwaande mei ús doelen: wenjen, soarch, wurkgelegenheid. We binne yn de maatskippij dwaande foar ús efterbân, de âlderein, dêr skoare we goed. Mar dêr krije je no in smet op."

Ledegearkomste

Dochs sil Dales syn foarsittersfunksje net fuortendaliks neist him del lizze, seit Wiersma. Syn beslút sil ôfhingje fan wat de leden fan de 50PLUS-partij fan de situaasje fine en oft se him noch langer as foarsitter oanhâlde wolle. Mar op it stuit is it net ienfâldich om in ledegearkomste te hâlden: de coronacrisis behinderet dat.

Wat Wiersma oan belanget, soe Dales ek no al de ear oan himsels hâlde kinne en him net langer kandidaat stelle moatte foar de Twadde Keamer. Wiersma: "Ik tink dat er de kapasiteiten der wol foar hat. Je steane earne foar en dat kin hy wol fertsjinwurdigje, tink ik. Mar it giet ek om it belang fan de feriening. It soe it moaiste wêze as hy no seit: ik hâld de ear oan mysels."

Theun Wiersma fan 50PLUS oer de situaasje binnen syn partij

Trefwurden: 
Theun Wiersma 50plus
(advertinsje)
(advertinsje)